Asia
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Asia Rain, Ms. Asia
echte nammeDalavone Keobandith
nasjonaliteit Amerikaansk
berne12 april 1986
berteplakPhiladelphia (Pennsylvania)
etnisiteit Kmer
Laotiaansk
Taisk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper, pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf20042013
offisjele webside
Asia op Twitter
Net te betiizjen mei Asia Carrera, in oare Amerikaanske pornoaktrise.

Asia, echte namme: Dalavone Keobandith (Philadelphia, 12 april 1986), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise en prostituee fan mingd etnysk komôf. Hja hat ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Asia Rain en Ms. Asia. Asia sette yn 2004 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2005 wûn se in prestizjeuze AVN Award. Yn 2013 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Libben en karriêre

Asia waard yn 1986 berne yn Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Hja is fan mingd etnysk komôf, mei Kmersk, Laotiaansk en Taisk bloed. Yn 2004, doe't se achttjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se ûnder har karriêre yn mear as twahûndert films.

Asia spile yn produksjes fan sokke foaroansteande labels as Digital Sin, Red Light District, New Sensations, Evil Angel, Hustler Video, Devil's Film, Anabolic Video, VCA Pictures, Sin City, Adam & Eve en Diabolic Video. Fierders wurke se ek wol foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Coast to Coast Video, Metro, Mile High Media, Third Degree Films, Pure Play Media, ClubJenna, Legend Video, Woodman Entertainment en Candy Shop. En teffens wie se in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America en Muffia.

Under har karriêre wurke Asia gear mei kollega-aktrises as Alexis Amore, Jada Fire, Audrey Hollander, Avena Lee, Lucy Lee, Leyla Lei, Rebeca Linares, Maxi Mikita, Daphne Rosen, Charmane Star en Mika Tan, en mei manlike tsjinspilers as Marco Banderas, T.T. Boy, James Deen, Jon Dough, Max Hardcore, Mandingo, Mr. Marcus, Mr. Pete, Zenza Raggi, Ramon, Alberto Rey en Mark Wood.

Yn 2005 wûn se yn 'e mande mei fyftjin oare akteurs en aktrises foar har optreden yn 'e film Orgy World 7 in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste groepsekssêne. Yn 2012 loek Asia har út 'e pornoyndustry werom. Neitiid gie se oan it wurk as escort yn Atlanta.

Lichemsskaaimerken

Asia is mongoloïde, mei hazzenútkleurige eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m lang, mei in gewicht fan 47 kg, en in natuerlike cupmaat 36B. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek in tongpiercing en in piercing troch har klitoris. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes: op 'e foarkant fan har lofterboppeskonk in ôfbylding fan in jonge frou mei tekst "Asia"; op har ûnderrêch de kop fan in tiger; op har rjochterpols har inisjalen; oan 'e basis fan har rjochtertomme trije stjerren; en in tatoeaazje fan ûnbekend ûntwerp krekt boppe har lofterearmtakke.

Prizen en nominaasjes

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2005 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei Angelica Costello, Destiny Deville, Alex Devine, Ariana Jollee, Keiko, Luccia, Kayla Marie,
Trinity Post, Daphne Rosen, Staci Thorn, Melanie X., Mark Anthony, Tyler Knight, Byron Long en Julian St. Jox)
Orgy World 7

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.