Aseksualiteit (of non-seksualiteit) is it brekme oan seksuele oantrekking ta lykfolwa, of in tige swakke of gjin belangstelling foar seksuele aktiviteit. Yn minsken kin it beskôge wurde as it net hawwen fan in seksuele oriïntaasje, of krekt as ien fan 'e fjouwer wichtichste seksuele oriïntaasjes, yn 'e mande mei heteroseksualiteit, homoseksualiteit en biseksualiteit. Krekt as dy trije foarmen fan seksuele oantrekking is aseksualiteit oanberne. Ut in ûndersyk út 2004 die bliken dat likernôch 1% fan 'e minskheid aseksueel is.
Aseksualiteit moat net betize wurde mei seksuele ûnthâlding of mei it selibaat, dat oanlearde foarmen fan hâlden en dragen binne dy't oer it algemien motivearre wurde troch faktoaren lykas immens persoanlike of religieuze oertsjûgings. In seksuele oriïntaasje is yn tsjinstelling ta seksueel hâlden en dragen wat dêr't men mei berne wurdt en dat net feroare wurde kin (al wurdt dat gauris wol besocht). It ûnfermogen om seksuele oantrekking of oanstriid ta seks te fielen wol fansels net sizze dat aseksuele persoanen gjin leafde fiele kinne of in romantyske relaasje mei in oar persoan hawwe kinne. Yn sa'n relaasje sil de leafde fan harren kant lykwols platoanysk wêze. Guon aseksuele minsken dogge trouwens wol deeglik oan seks, al hawwe se gjin of frijwol gjin oanstriid ta seks en fiele se gjin of frijwol gjin seksuele oantrekking ta oare persoanen. Dat se dan dochs geslachtsferkear bedriuwe, kin fuortkomme út in ferskaat oan redens, lykas de wil om it in romantyske partner nei it sin te meitsjen of de winsk om bern te krijen.
De akseptaasje fan aseksualiteit as in seksuele oriïntaasje en in fjild fan wittenskiplik ûndersyk is noch relatyf jong, mar der wurdt hjoed de dei almar mear sosjologysk en psychologysk ûndersyk nei dien. Net alle wittenskippers binne it dermei iens dat aseksualiteit as in seksuele oriïntaasje beskôge wurde moat. Aseksuelen fiele har yn 'e hjoeddeiske Westerske maatskippij, dy't grutdiels op seks en it ferkeapjen fan seks rjochte is, gauris bûtensletten. Yn tradisjonelere kultueren wurde se faak, krekt as homoseksuelen, mijd of aktyf ferfolge. Yn Súd-Afrika, bygelyks, wurde aseksuele froulju, krekt as lesbiënnes, faak it slachtoffer fan korrektive ferkrêfting. De opkomst fan it ynternet en letter fan 'e sosjale media hawwe in ûnmisbere rol spile by it mei-inoar yn kontakt bringen fan aseksuelen. Ien fan 'e bekendste en meast foaroansteande fan 'e aseksuele mienskippen dy't har op dy manear foarme hawwe, is it Amerikaanske Asexual Visibility and Education Network (AVEN), dat yn 2001 oprjochte waard troch de aseksuele aktivist David Jay.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |