Nei Jim Beleavjen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | As You Like It | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 1599 of 1600 | |
1e publikaasje | 1623, Londen | |
bondel | First Folio | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Nei Jim Beleavjen | |
publikaasje | 1962, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Nei Jim Beleavjen, yn it oarspronklike Ingelsk: As You Like It, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't it ferhaal fertelt fan 'e ealfrouwe Rosalind, dy't op 'e flecht foar har smjunt fan in omke yn in wâld middenmank in espel oare fûgelfaaien bedarret, en dêr har frijer Orlando weromfynt. Dit stik hat de Ingelske taal ferrike mei útdrukkings as all the world's a stage ("de hiele wrâld is mar toaniel") en too much of a good thing ("tefolle fan it goede"). Nei Jim Beleavjen moat skreaun wêze yn 1599 of 1600, en waard foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.
Ynhâld
Nei Jim Beleavjen spilet yn in net by namme neamd hartochdom yn Frankryk, dêr't Frederick syn âldere broer Senior it hartochskip ûntnadere hat. Senior sels hat er twongen om yn ballingskip te gean, mar syn dochter Rosalind is oan it hof bleaun, mei't hja it bêste kammeraatske is fan Frederik syn eigen dochter Celia. De jonge ealman Orlando wurdt daliks as er har moetet smoarfereale op Rosalind, mar hy moat de wyk nimme as syn eigen broer Oliver him tsjin him keart. Nei in oanfarring mei har omke moat ek Rosalind earne oars har taflecht sykje, mar Celia en de hofnar Touchstone beslute mei har út te naaien, Rosalind ferklaaid as in jongfeint en Celia as in ferearmoede ealfrouwe.
Rosalind, dy't har no fan "Ganymedes" neame lit, en Celia, dy't de namme fan "Aliëna" (Latyn foar "frjemdlinge") oannommen hat, arrivearje mei Touchstone yn it Wâld fan Arden (dêr't guon fan miene dat Shakespeare der de Ardinnen mei bedoelde). Dêr húsmannet ek de ferballe hartoch Senior mei syn folgelingen om, by wa't Orlando en syn feint Adam harren ûnderwilens oansletten hawwe. Uteinlik treffe Orlando en Rosalind inoar, mar Orlando ken har net werom. Se binne allebeide fereale opinoar, mar "Ganymedes" beart dat er Orlando wol fan syn ferealens ôfhelpe kin troch tegearre mei Orlando syn hofmakkerij fan Rosalind nei te bearen, wêrby't "Ganymedes" it plak fan Rosalind ynnimt.
It wurdt allegear noch yngewikkelder as de harderinne Phebe fereale wurdt op 'e kreaze "Ganymedes", wylst de skieppehoeder Silvius wer fereale is op Phebe. Hoewol't "Ganymedes" (Rosalind dus) almar wer blike lit gjin belangstelling foar Phebe te hawwen, hâldt it fanke oan as kâld wetter. Underwilens is de hofnar Touchstone fereale wurden op in oar harderintsje, de ûnnoazele Audrey. Hy besiket har mei syn hofmakkerij safier te krijen dat er har bekrûpe kin, mar úteinlik moat er earst mei har trouwe. William, in oare skieppehoeder, dy't krektlyk belangstelling foar Audrey hat, wurdt troch Touchstone ôfpoeiere mei it drigemint dat er him "op hûndertfyftich manearen" fermoardzje sil.
Op 't langelêst wurde Silvius, Phebe, "Ganymedes" en Orlando gearbrocht om op in hilarysk betize wize harren leafdesperikels út te praten. Nei lang hinne-en-wer-eameljen lost Rosalind, noch altiten ferklaaid as "Ganymedes", de swierrichheden op troch Orlando ûnthjitte te litten dat hy mei Rosalind trouwe sil, wylst se Phebe ûnthjitte lit dat dy mei Silvius trouwe sil as se Ganymedes net krije kin.
Koart dêrnei treft Orlando syn broer Oliver yn it wâld en rêdt him fan in woeste liuwinne. Dêrtroch kriget Oliver berou oer it ûnrjocht dat er syn broer oandien hat, en nûget er Orlando út om wer thús te kommen. Orlando stelt him foar oan "Ganymedes" en "Aliëna", en Oliver wurdt op slach fereale op dy lêste. Yn 'e slotsêne, as alle momkapen einlings ôfsmiten binne, fine der sadwaande fjouwer houliken plak, tusken Orlando en Rosalind, Oliver en Celia, Silvius en Phebe en Touchstone en Audrey. Neitiid docht bliken dat Frederick ek berou krigen hat oer hoe't er syn broer Senior misjegene hat, dat hy jout it hartochskip werom oan Senior en giet sels yn it kleaster.
Fryske oersetting
As You Like It waard ûnder de titel Nei Jim Beleavjen yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1962 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. III, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare Shakespeariaanske komeedzjes, lykas De Fleurige Wyfkes, Lyk om Lyk en Folle Spul om Neat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|