Artur Albrecht
militêr
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Dútslân Dútsk
berne15 desimber 1903
berteplakPenzig, Dútske Keizerryk
stoarn21 maart 1952
stjerplakWaalsdoarperflakte
wurkpaad
tsjinsttiid ?-1945
yn tsjinst fan Nazy-Dútslân
legerûnderdiel Schutzstaffel
heechste rang
SS-Hauptsturmführer
konflikt(en)Twadde Wrâldoarloch

Wilhelm Artur Albrecht (Penzig, 15 desimber 1903 - Waalsdoarperflakte, 21 maart 1952) wie in Dútske militêr en de lêste Dútske oarlochsmisdiediger dy't yn Nederlân yndie de deastraf krige.

Albrecht wie foar de Twadde Wrâldoarloch plysjekommandant yn Dútslân. Fan 1935 ôf wie er yn tsjinst fan de Gestapo. Yn de oarloch hie er de rang fan Hauptsturmführer binnen de SS. Yn septimber 1944 waard er út Gent wei oerpleatst nei Ljouwert, dêr't er it Aussenkommando ('bûtenkommando') fan de Sicherheitsdienst en Sicherheitspolizei late. Hy wie yn dy funksje ferantwurdlik foar it hanthavenjen fan de oarder yn Fryslân.
Yn dy funksje wied er aktyf en passyf belutsen by marteling en eksekúsjes fan fertochten. Albrecht wie ferantwurdlik foar de eksekúsje fan tsientallen finzenen, benammen as represaille foar aksjes fan it ferset. Sa hie er bygelyks de lieding by de represaille-eksekúsje op 22 jannewaris 1945 yn Dokkum.

Op 5 maaie 1945 waard Albrecht yn Aerdenhout (Noard-Hollân) oanholden; hy wie ferklaaid as ûnderoffisier. Hy waard troch it Bysûnder Gerjochtshof fan Ljouwert ta de dea feroardield. Op 21 maart 1952 waard Albrecht tegearre mei Andries Pieters fusillearre op de Waalsdoarperflakte. Dat wie de lêste kear dat in deafûnis yn Nederlân útfierd waard.

Registraasjenûmer

  • SS-nr.: 272617

Keppelingen om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.