Artik
Արթիկ
Polityk
LânArmeenje
Sifers
Ynwennertal18.900 (2012)
Oerflak31.5 km²
Hichte1.859 m
Oar
Stifting5e iuw
Postkoade3001-3007
TiidsôneGMT+4 (UTC+4)
SimmertiidGMT+5 (UTC+5)
Offisjele webside
Side fan de stêd

Artik (Armeensk: Արթիկ) is in stêd yn de Armeenske provinsje Sjirak. Artik leit 105 km. noardwestlik fan de haadstêd Jerevan op de noardwestlike helling fan de Aragats.

De stêd is ferneamd om de roze dowestien. It is in wichtich sintrum fan de produksje fan dowestien en travertyn yn Armeenje.

Yn 'e stêd steane in pear tige âlde tsjerken. Om de stêd hinne lizze in tal belangrike Armeenske monuminten lykas de 7e iuwske Stefanustsjerke.

Demografy

Rekonstruksje fan de 7e iuwske katedraal

In soad ynwenners fan Artik stamme oarspronklik út West-Armeenje fan famyljes, dy't yn de jierren 1829–1830 de stêden Kars en Karin ferlieten om harren yn Artik nei wenjen te setten. It ynwennertal naam foars ta yn de jierren 1960 doe't it in yndustrieel sintrum fan Sovjet-Armeenje waard. Sûnt de ûnôfhinklikens fan Armeenje nimt it tal ynwenners wer stadichoan ôf.

Jier 1831 1873 1897 1975 1989 2001 2011 2016
Ynwenners 647 2.359 2.950 14.726 25.100 17.561 19.534 18.800

Sjoch ek

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.