![]() |

Arthur Seyss-Inquart
Arthur Seyss-Inquart (Dútsk: Seyß-Inquart), berne as Artur Zajtich[1] (Stannern, 22 july 1892 – Neurenberch, 16 oktober 1946), wie in Eastenryksk jurist en nazypolitikus. Ynearsten behearde er ta de 'reedlike' fleugel fan de Eastenrykske nazy's, mar letter oppenearre er him, as Rykskommissaris fan Nederlân, yn beset Nederlân, as in fûl hardliner.
Yn Fryslân wie syn bynamme Seis-en-in-kwart[2][3] en Seys Hinkelepink, Seyss Hinkwat en Judas Mankabenus (in wurdboarterij op Judas Makkabéus).[4]
Seyss-Inquart wie by de 22 oarlochsmisdiedigers dy't by it Proses fan Neurenberch berjochte waarden. Hy waard op 1 oktober 1946 op trije fan de fjouwer oanklachten skuldich achte en goed twa wiken letter eksekutearre.[5]
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arthur Seyß-Inquart fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.