In arrondissemint yn de bestjoerlike yndieling fan Frankryk is de ûnderferdieling fan in departemint. De 100 Frânske departeminten binne ferdield yn 342 arrondisseminten. De bestjoerlike haadstêd fan in arrondissemint hjit ûnderprefektuer. It arrondissemint dêr't de prefektuer fan it departemint leit hat gjin ûnderprefektuer.
Arrondisseminten binne ûnderferdield yn kantons.
In oar gebrûk fan it wurd 'arrondissemint' yn Frankryk is de ûnderferdieling fan in grutte Frânske stêd, sjoch bg. arrondisseminten fan Parys.
Sjoch ek
- List fan arrondisseminten (Frankryk)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.