In arrestaasje troch de Deenske plysje yn Kopenhagen

In arrestaasje of oanhâlding is it ûntnimmen fan de bewegingsfrijheid fan in persoan troch plysjetsjinsten of, yn gefal fan trappearring op 'e died, troch boargers. Immen dy't arrestearre wurdt, is in arrestant.

In oanhâlding bart meastentiids troch in opspoaringsamtner. Dêrnei kinne fierdere stappen ûndernomd wurde om de persoan langer fêsthâlde te kinnen. Sa is de opspoaringsamtner ferplichte om de saak sa gau mooglik, leafst binnen in dei, foar te lieden (ûnder de oandacht fan de ofsier fan justysje te bringen), sadat de ofsier beslisse kin oft de oanhâlding rjochtlik wie.

Oanhâlding moat net betize wurde mei steande hâlde, dat is in lichtere foarm fan frijheidsbeheining. In ferkearsoertrêder sil oer it algemien troch de plysje steande hâlden wurde, wêrby't bytiden in proses-ferbaal opmakke wurdt. At de oertrêder dêr normaal oan meiwurket en is der gjin sprake fan fierdere strafbere feiten, dan wurdt de oertrêder net oanhâlden en kin er fierder syn gong gean.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.