Arnold Houbraken (1660-1719), troch soan Jacob, mei in ûnderskrift fan David van Hoogstraten.

Arnold Houbraken (Doardt, 28 maart 1660Amsterdam, 14 oktober 1719) wie in keunstskilder en skriuwer.

Biografy

Houbraken wie learling fan ûnder oaren Jacobus Leveck en Samuel van Hoogstraten. Yn 1685 boaske er oan Sara Sasbout. Om 1709 ferhuze er nei Amsterdam nei útnûging fan Jonas Witsen. Yn 1713 makke er in reis nei Ingelân om dêr in histoarysk wurk fan platen te foarsjen. Hy besocht in hantlieding foar artysten te meitsjen dat bedoeld wie om mooglike tema's foar skilderijen oan te rikken, it Embleem boek, Inhoud van 't Sieraad der Afbeelding.

Famylje

Syn soan Jacobus Houbraken (1698–1780) wie in bekend graveur fan portretten en boekyllustraasjes; hy yllustrearre ûnder oaren syn heite boeken. Antonina (1686-1736), syn dochter, wie tekener en yllustrator. Sy wie boaske oan de topografysk tekener Jacobus Stellingwerff (1667-1727). Ek dochter Christina skilderde en tekene. Sy troude mei de skilder Anthony Elliger. Harren dochter Christina Maria waard tekenaresse.

Skilderwurk

Arnold Houbraken skildere mythologyske en bibelske taferelen, portretten en lânskippen.

Boeken

Arnold Houbraken wurdt fral te binnen brocht fanwege syn De groote schouburgh der Neder­lantsche konstschilders en schilderessen (1718–1721), mei 500 biografyen fan keunstskilders út de 17e iuw.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.