Arkology (Ingelsk: arcology) is in set fan ûntwerpprinsipes foar arsjitektuer sa't dy beskreaun binne troch Paolo Soleri. It wurd is in gearfoeging fan de wurden 'arsjitektuer' en 'ekology'. De grûnbegjinsels binne rjochte op it ûntwerp fan ûnbidige wenkriten of habitats mei in ekstreem hege bewenningstichtheid (hyperstruktueren).
In stikmannich betreklik lytse eksperimintele konstruksjes binne realisearre yn Arcosanti yn sintraal Arizona yn de Feriene Steaten. Ek yn Japan en Ruslân binne serieuze útstellen dien om te kommen ta in soarte fan hyperstruktueren. It begryp is yn it generaal beheind ta it wurk fan Soleri en ferskate optochte geskriften, tekenteltsjes, fideospullen en films, (fiksje), dêr't it idee yn útwurke is.
De term arkology is foar it earst neamd yn H. G. Wells syn boek When the Sleeper Wakes, publisearre yn 1899. In djipgeander behanneling fan arkology-ûntwerpbegjinselen wurdt fûn yn "The Last Redoubt" út The Night Land troch William Hope Hodgson, útbrocht yn 1912. Yn dat wurk lit Hodgson struktueren sjen kompleet mei keunstmjittige ekology, lânbou en iepenbier ferfier oer beweechlike diken.