Arkadius

Arkadius, (Latyn: Flavius Arcadius) (1 jannewaris 377 - 1 maaie 408) wie keizer fan it East-Romeinske Ryk fan 383 oant maaie 408. Hy wie de âldste soan fan Teodoasius de Grutte.

Libben

Arkadius wie 18 jier âld doe't syn heit stoar en hy keizer waard. Syn broer Flavius Augustus Honoarius, dy't keizer fan it Westen waard, wie doe noch mar 12 jier âld. Beide binne bot beynfloede troch harren reginten, Arkadius benammen troch Rufinus.

Om 399 hinne liet Eudoksia, de dochter fan eardere magister militum Bauto en de frou fan Arkadius, de wichtichste persoan efter de troan, op dat stuit Eutropius, ferdwine. Dy eunuch hie oant dan de keamerhear fan Arkadius west. Eudoksia waard al gau keizerinne en sy liet Arkadius fier benefter. Sy wie it dy't foaral it ryk regearde en sy die dat mei hurde hân. Yn 404 stoar sy lykwols.

Arkadius op in solidus. Op de efterside ferslaat Arkadius, mei in labarum yn de hân, in fijân.

Arkadius liet dêrnei it bestjoeren fan it ryk oer oan Antemius, syn prefekt. Dat wie in bysûnder goede kar. Antemius tsjinne sawol Arkadius as syn soan Teodoasius II. Hy wie trou en in goed bestjoerder. Arkadius stoar lykwols frij jong yn 408 mar liet it ryk yn goeie hannen efter oan syn 7-jierrige soantsje, dy't Arkadius al 8 moanne nei syn berte as mei-keizer beneamd hie, want Anthemius bleau regint.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.