In argivaris is in ynformaasjespesjalist dy't dokuminten en oare argyfstikken sammelet, beoardielet, yndielt, preservearret en beheart. Teffens ferskaft hy of sy tagong ta dy argyfstikken foar belanghawwenden dy't dêr foech ta hawwe en befeiliget er se tsjin ûnbefoegden. Behalven papierrene dokuminten kin it dêrby gean om foto's, fideo- of audio-opnamen of digitale of elektroanyske dokuminten.
Argivarissen wurkje gauris by grutte argiven en binne net selden amtners. Lykwols komme se ek foar by in protte oare organisaasjes dy't eigen argiven byhâlde, lykas alle gemeenten, in protte oare oerheidsynstânsjes (lykas provinsjes, ministearjes en wetterskippen), sikehuzen, grutte skoallemienskippen en grutte bedriuwen. Gauris wurdt dêrby it behear fan it argyf kombinearre mei de postferwurking.
Faak wurde argivarissen fierders op ien sike neamd mei bibletekarissen, mar hoewol't beide ynformaasje beheare, binne de beroppen fierders folslein ferskillend. Bibletekarissen geane om mei publisearre teksten en de haadtaak fan harren wurk is om bibleteekbesikers te helpen en nei de juste ynformaasje of ferdivedaasje ta te lieden. Argivarissen geane benammen om mei gegevens dy't net of noch net publisearre binne, of dy't krekt beslist net publisearre wurde moatte om't se geheim binne (yn 'e regel yn it ramt fan privacybeskerming of om't se gefoelige of skealike ynformaasje oer of fan 'e oerheid of bedriuwen befetsje).
Om't beskate argyfstikken, benammen as se tige âld binne, folslein unyk wêze kinne, lizze guon argivarissen har sterk ta op 'e preservearringsfunksje fan har berop. Yn dat opsjoch hat in argivaris folle mear gemien mei in konservator yn in museum as mei in bibliotekaris.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |