Archangelsk oblast
Архангельская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Noardwestelik |
ekonomyske regio | Noard |
haadplak | Archangelsk |
grutste plak | Archangelsk |
taal | Russysk; Nenetsk |
Etnyske groepen | Russen (95.6 %), Oekraïners (1.4 %) Nenets (0,6%) (stân: 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 1.114.322 (2022) |
oerflak | 589.913 km² |
befolkingstichtens | 1,89 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 1937 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 63° 30' N 43° 0' E |
webside | www.dvinaland.ru |
De oblast Archangelsk (Russysk: Архангельская область, Archangelskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn it noardwesten fan it Europeeske diel fan de Russyske Federaasje. De haadstêd en grutste stêd is Archangelsk.
Skiednis
Yn de 11e en 12e iuw kolonisearren de Russen it gebiet en bouden dêr de earste delsettings. Foar dy tiid bewennen Finsk-Ugryske stammen it gebiet. Mei de stifting fan Archangelsk troch Ivan de Grousume ûnstie der hannel. It wie de earste havenstêd fan Ruslân.
Geografy
De oblast leit oan de Wite See en ek de eilannegroepen Nova Sembla en Frâns Joazef falle der ûnder. Yn de oblast leit de autonome okrûg Nenetsië, dêr't njonken it Russysk it Nenetsk in offisjele taal is. Yn it easten grinzget de oblast oan de republyk Komi, yn it westen oan de republyk Kareelje en yn it suden oan de oblasten Vologda en Kirov.
De oblast leit yn it noarden fan de Easteuropeeske Leechflakte. De belangrykste rivier is de Noardlike Dvina, oare rivieren binne de Onega en Mezen.
It gebiet hat strange winters en koele simmers. De noardlike lokaasje krekt súdlik fan it Poalgebiet makket lânbou hast net mooglik. Mar 1,3% fan it gebiet hat in agraryske funksje.
Ekonomy
De oblast is ryk oan oalje, ierdgas en diamant. Fan de yndustry foarmje de wapenyndustry, de houtbewurking en fiskerij wichtige sektoaren. It toerisme is beskieden oanwêzich.
Yn Severodvinsk is in grutte werf foar de oarlochsfloat. Yn Plesetsk leit njonken Bajkonoer yn Kazachstan ien fan de belangrykste russyske raketlansearbasissen en romtefeartsintra fan it lân.
Yn de Wite See leit op it eilân Sloveski ien fan de wichtichste sintra fan de Russyske otterdoksy. It Solovetski-kleaster falt ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Bestjoerlike yndieling en stêden
De oblast Archangelsk is ûnderferdield yn 21 rajons, 7 stedsdistrikten en de twa eilannegroepen Frâns-Joazef en it Fiktoaria-eilân. De twa belangrykste en tagelyk iennige grutte stêden binne Archangelsk en Severodvinsk. Meiïnoar binne der 13 stêden en 15 plakken mei in stedsk karakter.
Namme | Russysk | Ynwenners (2022) | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Archangelsk | Архангельск | 342.164 | 64° 33' N 40° 32' E | |
Severodvinsk | Северодвинск | 179.742 | 64° 34' N 39° 48' E | |
Kotlas | Котлас | 62.284 | 61° 15' N 46° 39' E | |
Novodvinsk | Новодвинск | 37.256 | 64° 25' N 40° 49' E | |
Korjazjma | Коряжма | 35.345 | 61° 18' N 47° 10' E | |
Mirny | Мирный | 33.321 | 62° 45' N 40° 20' E | |
Velsk | Вельск | 22.217 | 61° 04' N 42° 06' E | |
Njandoma | Няндома | 18.857 | 61° 40' N 40° 12' E | |
Onega | Онега | 18.149 | 63° 55' N 38° 05' E |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Archangelsk
|