Arbogast († 8 septimber 394) wie in Romeinsk generaal fan Frankysk komôf, dy't in oantal jierren as oerbefelhawwer de machtichste man wie yn it West-Romeinske Ryk. Hy brocht it Ryk yn in slimme krisis doe't er syn eigen polityk fierde.

Militêre wurkpaad

Der is net folle bekend oer Arbogast oars as syn libben as militêr. Nei alle gedachten waard hy healwei de 4e iuw berne yn in aadlike Frankyske famylje dêr't meardere leden fan in wichtige karriêre trochmakken yn it Romeinske leger. Rigomer, in omke fan him, wie generaal en Teudemeres, in neef fan him wie kening by de Franken. Neffens in tige ûnbetroubere boarne soe er in soan west hawwe fan Bauto.

Arbogast sette mei syn militêre wurkpaad útein ûnder keizer Gratianus. Hy fierde mear as tsien jier it kommando oer in keizerlik leger. Yn tsjinst fan keizer Teodosius bestried hy mei súkses de tsjinkeizer Magnus Maksimus, en neidat hy dizze ferslein hie, folge yn 388 syn beneaming as magister militum oer it leger yn Galje, wêrmei't hy Bauto syn opfolger waard.

Yn syn nije funksje stelde Arbogast oarder op saken yn Galje. Hy liede in strafekspedysje tsjin de Franken en fierde ûnderhannelings mei de Frankyske lieders Markomer en Sunno. Yn 389 helle hy in wichtige oerwinning op syn folksgenoaten, de Franken, neidat hy de Limes oerstutsen wie. Op Germaanske boaiem ferwoaste hy it gebiet fan de Brukteren en Sjamaven. Arbogast werstrukturearre it bestjoer en fersterke de Ryn-grins. Yn it leger joech er op ferskate posysjes Franken hege posten, dy't er troch promoasje ta trou oan himsels oansette.

Oerbefelhawwer

Yn 392 kaam keizer Falentinianus II yn Fienne oan om de lieding oer de Galyske provinsje oer te nimmen. Hy ûntfong Arbogast enlange him in dokumint oer dat him ûntsloech út al syn funksjes. Arbogast lykwols ferskuorde it papier en ferklearre him dêrtroch net bûn te wêzen. Neffens de oerlevering luts Falentinianus syn swurd en koe mei muoite der fan ôfholden wurde sawol Arbogast as himsels te deadzjen. Inkele dagen letter waard de keizer dea yn syn keamer oantroffen. Guon boarnen fermoedzje dat er himsels te koart dien hie, mar it liket wierskynliker dat er yn opdracht fan Arbogast fermoarde is.

Arbogast skode dêrnei Flavius Eugenius as keizer nei foaren, dy't earst yn Galje en letter ek yn Itaalje erkend waard. De East-Romeinske keizer Theodosius I wie hiel bot op dizze beneaming tsjin en fûn dat hy allinnich it rjocht hie in opfolger oan te wizen. In noch grutter ûnderwerp fan konflikt wie de godstsjinst. Keizer Teodosius wie in sterk oanhinger fan it kristendom, en hie alle iepenbiere heidenske gearkomsten yn it hiele keizerryk ferbean. Arbogast lykwols hie him ferbûn mei de heidense fraksje yn de senaat, en ûnder Eugenius hie it heidendom yn Rome har lêste bloeiperioade.

Delgong

Teodosius makke plannen om Eugenius te ferdriuwen en yn 394 luts er tsjin him op mei syn leger. Yn in berchpas kaam it ta in fjildslach tusken beide keizers, de slach oan de Frigidus (6 septimber 394). Ynearsten hie it leger fan Eugenius, laat troch Arbogast, de oerhân. It leger fan Teodosius, dat foar in grut part út Goaten bestie, laat troch generaal Alarik I, waard tebek dreaun. Keizer Teodosius bea de hiele folgjende nacht, en de folgjende moarne stuts in grutte stoarm op (de Bora, fergelykber mei de föhn). De stoarm brocht it leger fan Eugenius folslein yn betizing sadat it ferneatige waard. Arbogast die himsels tekoart, keizer Eugenius waard finzen nommen en ferfolgens ûnthalze.

Troch de dea fan Arbogast kaam der in ein oan in tiidrek dêr't Frankyske lieders grutte ynfloed yn hienen op it leger yn it keizerryk. Nei de oerwinning waard Teodosius keizer fan in wer byinoar brocht ryk, mar 4 moannen letter doe't er kaam te stjerren waard it ryk opnij ferdield ûnder syn soannen Honorius en Arkadius, diskear foarfêst.

Betsjutting

Arbogast wurdt beskôge as in foarrinder fan de situaasje yn de 5e iuw, doe't de werklike macht yn it West-Romeinske leger net mear by de keizer lei, mar by de generaals dy't efter de skermen alle macht yn hannen hienen, en de keizer faak net mear as strieman wie. Dizze generaals wienen meastentiids fan Germaanske komôf (Stilicho, Constantius III, Aetius, Ricimer, Odoaker).

Boarnen

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.