Iepenbiering fan Jehannes | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Αποκάλυψη του Ιωάννη ("Apokalypsi tou Ioanni") | |
auteur | Jehannes fan Patmos | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 68 – 95 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief fan Judas | |
● folgjend diel | gjint (is lêste boek fan it N.T.) | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Iepenbiering fan Jehannes | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
De Iepenbiering fan Jehannes of de Apokalyps fan Jehannes, yn it oarspronklike Gryksk: Αποκάλυψη του Ιωάννη, Apokalypsi tou Ioanni, ek wol koartwei Iepenbiering of inkeld de Apokalyps neamd, is it 27ste en lêste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It beskriuwt in stikmannich fizioenen dy't de auteur krige, dy't de Einichste Dei en it Lêste Oardiel foarseine. It boek nimt in sintraal plak yn yn 'e kristlike eskatology (de stúdzje fan 'e ein fan 'e tiden), en wurdt hast unanym ta de kristlike kanon rekkene. In útsûnderingsposysje nimme datoangeande de lutherske tsjerken yn. Om't Marten Luther Iepenbiering as apokryf beskôge, wurdt it boek (yn 'e mande mei trije fan 'e brieven, dy't Luther krekt sa beoardiele) yn 'e lutherske Bibel noch altiten los fan 'e kanon yn in aparte taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint ôfdrukt. De earste folsleine Fryske oersetting fan Iepenbiering stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Oarsprong en skriuwer
De skriuwer fan Iepenbiering identifisearret himsels as "Jehannes", en hâldt út dat er him op it Grykske eilân Patmos, yn 'e Egeyske See, befûn doe't er syn earste fizioen krige. Tradisjoneel is altiten oannommen dat dizze "Jehannes" deselde is as de apostel Jehannes, dy't ek it Evangeelje fan Jehannes skreaun hawwe soe. De hjoeddeiske bibelwittenskip is lykwols oangeande dizze fraach ferdield tusken de lju dy't de tradisjonele teory oanhingje en harren tsjinstanners, dy't op grûn fan û.m. tekstkrityk hawwe wolle dat Iepenbiering net skreaun is troch de evangelist Jehannes, mar troch in persoan dy't se oantsjutte as Jehannes fan Patmos. Dy groep makket ûnderskie tusken trije ferskillende persoanen, dy't tradisjoneel as ien-en-deselde sjoen waarden: de apostel Jehannes, de evangelist Jehannes en Jehannes fan Patmos).
Oer de datearring fan Iepenbiering is men it likemin iens. Tradisjoneel waard dêrby tocht oan it jier 95 of dêromtrint, mar resintere teoryen sjogge in ierdere datearring as wierskynliker, en neame dêrby jiertallen om it jier 70 hinne, mei as ierste it jier 68. Hoewol't de skriuwer syn wurk gjin titel meijoech, waard neitiid ien fan 'e earste wurden út 'e tekst ta titel makke; it boek begjint ntl. sa: "Dit is de iepenbiering fan Jezus Kristus".
Ynhâld
De Iepenbiering fan Jehannes wurdt gauris útlein as in sekuere foarsizzing fan 'e takomst, mar wie eins mear in treastboek foar de kristenen dy't yn 'e earste iuw slim te lijen hiene ûnder ferfolgings. Yn bylden dy't grutdiels ûntliend binne oan it Alde Testamint (fral oan Danjel en Ezechiël, mar ek wol oan Jesaja, de Psalmen en oare boeken) skilderet Jehannes de takomst fan wrâld en tsjerke. Koartsein is syn boadskip dat al hoe machtich oft de krêften fan it kwea ek binne, dochs sille se by einsluten alhiel ferdylge wurde troch "it Laam" (Jezus Kristus). Dêrnei, op 'e Einichste Dei, sil it definitive oardiel oer alle minsken útsprutsen wurde; dan sille de goeden op 'e nij libje, wylst de kweaden folslein fuortreage wurde sille ta ivige tramtaasje. Dêrop sil it nije keninkryk fan God begjinne.
Iepenbiering is in tige dreech en ûntagonklik boek, dêr't profetyske útspraken yn dien wurde oangeande de takomst dy't foar mearderlei útlis fetber binne. Sa hawwe de earste-iuwske kristenen yn "it beest" (Iep. 13:11-18) grif de Romeinske keizer Nearo sjoen. Lettere leauwenden seagen der ûnderskate sultans fan it Osmaanske Ryk yn, of Napoleon, of Hitler, of, as men in fûleindige protestant wie, de paus fan Rome. Lykwols is it dúdlik dat Jehannes mei syn boek mear doeld hat op 'e politike tastannen en maatskiplike swierrichheden fan syn eigen tiid as dat er mei sin de takomst beskreau.
Fryske oersetting
Gerben Colmjon sette yn 1863 in fragmint fan Iepenbiering oer yn it Frysk (Iep. 3:14), dat útjûn waard as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan Iep. 7:9-17, 14:14-20 en 21:1-8 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Iepenbiering stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting.
Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Iepenbiering waard dêrby dien troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. J.H. Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side. |