De anty-oarlochsfilm is in sjenre fan films dat krityk uteret op oarloggen en oare wapene konflikten, mei as doel om 'e fysike en psychologyske gefolgen sjen te litten dy't oarloch op soldaten en boargers hat. It is dêrmei in subsjenre fan 'e oarlochsfilm. By de krityk yn sokke films kin it gean om krityk op it hiele konsept fan oarlochfiering of om beskate ûnderdielen fan oarloch, lykas it gebrûk fan gifgas of atoombommen, of it begean fan genoside of oare oarlochsmisdieden tsjin 'e boargerbefolking. Guon anty-oarlochsfilms, lykas Dr. Strangelove, brûke satire en swarte humor om oarloch te parodiëarjen. In stikmannich bekende anty-oarlochsfilms binne:

  • Go Tell the Spartans (1977)
  • The Great Dictator (1940)
  • Hamburger Hill (1987)
  • Heaven & Earth (1993)
  • Hotel Rwanda (2004)
  • J'Accuse (1919)
  • Letters from Iwo Jima (2006)
  • Little Big Man (1970)
  • M*A*S*H (1970)
  • Oh! What a Lovely War (1969)
  • The Outlaw Josey Wales (1976)
  • Paths of Glory (1957)
  • Platoon (1986)
  • Salvador (1986)
  • Soldier Blue (1970)
  • Sophie Scholl: Die letzten Tage (2005)
  • Stalingrad (1993)
  • The Water Diviner (2014)


Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.