De Antwerpske Flagge is in bysûnder eksimplaar fan de Olympyske Flagge.
Nei de Grutte Kriich, wie Antwerpen net ryk. Hja hienen de Simmerspullen wol tawiisd krigen, mar hja hienen help fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee nedich om alles trochgean litte te kinnen. As tank foar de help, waard het YOK in spesjale Olympyske Flagge jûn, de Antwerpske Flagge.
Stêf-rin
As tank foar it geskink hat it YOK de flagge in bysûndere funksje tadield. As wie it in stêf-rin wurdt de flagge alle kearen trochjûn tusken de organisatoren. De organisaasje fan dy Simmerspullen, jout de flagge fierder oan de organisaasje fan de folgende Simmerspullen. Oarspronklik waard dat dien by it iepenjen fan de folgende Simmerspullen. Dy like goed te stroken mei de olympiades: By alle nije spullen wie der in nije olympiade, en waard de flagge oerjoen. Lykwols kamen der dêrnei Olympyske Winterspullen by, dat de Olympiade wie al begûn by it oerlangjen fan de flagge. En, it die letter bliken dat it soms net maklik wie om op it lêst noch in flagge fan de eardere organisaasje te freegjen. Dat letter wie it oanpast, dat de flagg oerdroegen waard by it ôfslúten fan de spulllen. Dêrnei gong de flagge mei de nije organisaasje mei nei hûs.
Olympyske Flagge
Strikt sjoen is de Antwerpske Flagge net in Olympyske Flagge. Ommers, in Olympyske Flagge is in wyt fjild mei ringen. De Antwerpske Flagge wykt dêr fan ôf om't dy noch in râne om it fjild hat. De râne is yn deselde sech kleuren as de kleuren fan in gewoane Olympyske Flagge.
Dêrmei is it de ienichste flagge mei dat ûntwerp mei in râne der omhinne.
Mear flaggen
Der is altyd mar ien Antwerpske Flagge. Lykwols libbet dat ding net foar altyd, dat út en troch wurdt der in nije ienichste flagge makke. Under mear is der foar de Simmerspullen yn Seoul in nije flagge makke. Strikt naam waard it doe dêrmie de Seoul-flagge, mar ornaris wurdt de flagge hieltiid noch de Atwerpske Flagge neamt.
Oare flaggen
Foar de Olympyske Winterspullen is ek in bysûndere flagge makke: De Osloflagge.