Antonie Röell
politikus
echte nammeAntonie baron Röell
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum21 augustus 1864
berteplakDe Haach
stjerdatum29 novimber 1940
stjerplakHaarlim
Boargemaster fan Ljouwert
amtsperioade1898–1904
Boargemaster fan Arnhim
amtsperioade1904–1910
Boargemaster fan Amsterdam
amtsperioade1910–1915
Kommissaris fan de Keninginne yn Noard-Hollân
amtsperioade1915–1940

Antonie baron Röell (De Haach, 21 augustus 1864Haarlim, 29 novimber 1940) wie in Nederlânske boargemaster en Kommissaris fan de Keninginne.

Libben en wurk

Röell waard yn 1864 yn De Haach berne as soan fan marine-offisier Willem Frederik baron Röell en Anna Cornelia baronesse Collot d' Escury. Nei in karriêre by de Provinsjale Griffy fan Oerisel waard er efterinoar boargemaster fan de gemeenten Ljouwert, Arnhim en Amsterdam. Syn boargemasterskip fan Amsterdam duorre fiif jier. Benammen stedsútwreiding stie dêryn sintraal.
Yn 1915 folge syn beneaming ta kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje Noard-Hollân. Yn dy amtsperioade wiene der (yn 1916) oerstreamingen lâns de Suderseekust, waard de Wieringermarpolder drûchmeald, de Ofslútdyk oanlein en begûn de Dútske besetting.

Hy troude op 20 novimber 1895 te Swol mei Anna Adriana barones de Vos van Steenwijk (1875-1945). Hy ferstoar yn novimber 1940 yn Haarlem. In strjitte yn Amsterdam (Burgemeester Röellstraat) en yn Arnhim (Röellstraat) binne nei him ferneamd. Nei it ferstjerren fan syn broer yn 1937 krige jhr. mr. dr. A. Röell de earstbertetitel fan baron.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.