Anton Oud
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAntonius Gerardus Oud
oare nammeA.G. Oud
nasjonaliteit Nederlânsk
berne4 oktober 1935
berteplakBueren (it Amelân)
stoarn24 maart 2006
stjerplakIt Hearrenfean (Fryslân)
etnisiteit Amelânsk
wurkpaad
aktyf astaalaktivist
reden
  bekendheid
gearstaller fan it
Woa'deboek fan ut Amelands

Anton Oud (folút: Antonius Gerardus Oud; Bueren, 4 oktober 1935It Hearrenfean, 24 maart 2006)[1] wie in Amelânsk taalaktivist dy't him o sa ynsette foar it behâld en it fêstlizzen fan it Amelânske dialekt.

Karriêre

Yn 1977 sette Oud útein mei it wurk oan in wurdboek fan it Amelânsk, dêr't er tsien jier lang hurd oan wurke mei help fan ferskate eilanners út 'e âldere generaasje. Dêrby waard er stipe troch de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy't himsels sjocht as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn Fryslân. Uteinlik kaam yn 1987 by de Fryske Akademy it Woa'deboek fan ut Amelands út, dat teffens as taheakke in register fan topografyske streeknammen fan it Amelân omfieme, mei in kaart derby om 'e persize lizzing oan te tsjutten.

Sûnt de jierren 2000 wurdt der wurke oan in op 'e nij besjoene ferzje fan it wurdboek, dêr't teffens in Nederlânske yndeks oan taheakke wurde sil, sadat men ek fanút it Nederlânsk nei wurden sykje kin. Oud ferstoar lykwols yn 2006 op It Hearrenfean, ear't er dêr it einresultaat fan sjen koe. Hy is santich jier wurden, en hy waard op 'e Jouwer begroeven.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stjerberjocht fan Anton Oud

  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130, s. 78.
  • Oud, Anton Gerardus, Woa'deboek fan ut Amelands, Ljouwert, 1987, ISBN 9 06 17 16 73X.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.