Ans Schut
sporter
Ans Schut (1967)
Ans Schut (1967)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohanna Boekema-Schut
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum26 novimber 1944
berteplakApeldoarn
lingte1.70 m
gewicht67 kg
sportive ynformaasje
sportReedriden
ûnderdielLangebaan
O.S.Grenoble 1968
debút1964
karriêre-ein1971
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1968,
1x sulver Wrâldkampioenskip 1968
1x brûns Wrâldkampioenskip 1969

Johanna (Ans) Boekema-Schut (Apeldoarn, 26 novimber 1944) is in earder Nederlânsk reedrydster.

Sy die fjouwer kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, ien kear oan it Wrâldkampioenskip sprint, twa kear oan it Europeesk kampioenskip en hat yn 1968 meidien oan de Olympyske Winterspullen, dêr't se Olympysk kampioene waard op de 3 kilometer. Schut behelle ien kear in sulveren en in brûnzen medalje op it wrâldkampioenskip allround yn 1970 behelle sy ek in brûnzen medalje op it earste Europeeske kampioenskip allround foar froulju. Yn 1971 hold Schut op mei reedriden op heech nivo. Itselde jier is Schut boaske mei kranteútjouwer Jacques Boekema, it pear hat trije bêrn.

Persoanlike rekôrs

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 44,9 24 jannewaris 1971 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.30,1 16 jannewaris 1971 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1500 meter 2.16,6 15 jannewaris 1971 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
3 km 4.50,3 23 febrewaris 1969 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell

Resultaten

jier NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
19646e
1965Brûns
19665e
1967Brûns5e
1968BrûnsSulver1500 m, 12e
3 km, Goud
1969SulverBrûns
197014eBrûns6e
19714e16e6e
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.