Annette Barlo.

Annette Barlo (Bunnik, 8 novimber 1974) is in Nederlânske aktrise en presintatrise. Hja troude op 24 desimber 2010 op It Amelân mei tf-produsint Frank Timmer, wennet yn Baarn en hat mei him twa bern.

Op 14-jierrige leeftiid wie hja al te sjen yn it KRO programma Platzak. Letter spile se tsien jier lang de rol fan Anna van Vliet-Bol yn de telefyzjerige Oppassen!!! fan de VARA. Oant septimber 2012 wurke Barlo foar it Utertske omropbedriuw RTV Utrecht, dêr't se op "Regio TV Utrecht" inkele dagen yn de wike it nijsmagazine U Vandaag presintearre. Op 21 maaie 2010 makke se har GTST-debút as fysioterapeute Lies de Weerdt. Fan maitiid 2010 oant 2013 hie Barlo in fêste rol yn de deiske KRO Jeugdrige VRijland.

Foar de aksje fan Pink Ribbon (rôze lint) fan Marlies Dekkers tsjin boarstkanker ûntwurp Annette in rôze bh wêrfan de opbringst te'n goede kaam oan Pink Ribbon. Yn 2010 docht se mei oan de VVV-promoasje foar It Amelân.

Programma's

  • Platzak (KRO)
  • Oppassen!!! (VARA)
  • Nederlandse Top 40 (Rabo Top 40) (RTL 5)
  • 12 steden, 13 ongelukken (VARA)
  • Wereldwensen (NCRV)
  • Jos op 1 (NCRV)
  • Worldwide (Fox 8)
  • Jimmy Hoppershow (BNN)
  • Splits (Fox 8)
  • Betrapt!
  • Hij en Julia (NET 5)
  • Sponsor Bingo Break
  • V&D TV (SBS 6)
  • I Feel Good (SBS 6)
  • Lava (Regio TV Utrecht)
  • U Vandaag (Regio TV Utrecht)
  • Goede tijden, slechte tijden (RTL 4) - Lies de Weerdt (gastrol, 2009)
  • VRijland - Karin Jaspers (fêste rol, 2010-2013)
  • Verborgen Gebreken (dramarige) - Margriet van Buuren (ôfl. Improvisatie, 2011)
  • De Spa - Tess Molenaar (2017-)
  • Flikken Maastricht - Frou Peters (2020)
  • The Passion 2023 - Dissipel (2023)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.