Annet Haring (1966)
De trije toeristen op De Jouwer (1982)
Boartsjende bern (Jistrum) (1985)

Annet Haring (Hoarn, 1934) is in Nederlânsk keunstner.[1]

Haring hat har oplieding hân oan de keunstakademy yn Amsterdam (Rietveldakademy) net ôfmakke omdat abstrakt wurk har net befoel. Letter folge se noch in oplieding oan de ABK Arnhim en Giacomo Manzu yn Milaan. Se wurke seis jier oan it Ynstiytút foar Byldzjende ekspresje yn Amersfoart. Yn de perioade 1978 - 1996 hat se yn Fryslân wenne en wurke, it lêst yn Oerterp. Nei alve jier reizge te hawwen is se sûnt 2008 wer werom yn Nederlân.

Se makke ûnder oare de brûnzen trofee dy't sûnt 1990 jierliks op it Festival Frouljufilms[2] útrikt wurdt oan in frou dy't har fertsjinstlik makke hat op it mêd fan frou en film. Yn 1995 waard in gruttere útfiering[3] hjirfan troch de organisaasje fan it festival oan de gemeente Assen oanbean.

Haring is mem fan byldzjend keunstner Marco Goldenbeld.

Wurken yn de iepenbiere romte

lokaasjetitel/omskriuwingmateriaaljier
Assen, De VaartFilmdoekbrûns1995
BalkBoartsjende bernbrûns1983
BûtenpostBoartsjende bern brûns1984
BuerenRitskemooibrûns1980
DroegehamDroegehamsterko mei Boer en keapmanbrûns1982
JistrumBern yn hoepelbrûns1985
Folsgeare, TsjaerddykDe Muontsenbrons1995
HarnsFrou mei dowen by plysjeburobrûns1986
De JouwerDe Koperjitterbrûns1979
De JouwerBern oan fiverbrûns1980
De Jouwer, MidstrjitteDe Trije Toeristenbrûns1982[4]
Ljouwert, HarnzertrekweiGroepen minsken dy't de sikefûnsklanten útbyldzjebrûns1984
NijeberkeapIt harjen fan de seinestiel komposysje1996
OentsjerkTryntsje-muoibrûns1986
Skearnegoutum, LegedykDe nonnen fan it Nijkleasterbrûns yn betonsokkel1996
WaskemarDe Trilkerbrûns1980

Sjoch ek

Referinsjes

  1. Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
  2. Festival Vrouwenfilms
  3. ôfbyld op Drinte keunstbreed yn byld
  4. It orizjinele byld is stellen. Yn 2008 makke Haring in nij byld.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.