Annechien Steenhuizen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Annechien Steenhuizen by it Festival fan de Sjoernalistyk 2017
Annechien Steenhuizen by it Festival fan de Sjoernalistyk 2017
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAnnechien Steenhuizen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne12 maaie 1977
berteplakAmersfoart (Utert)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum asnijslêzeresse, ferslachjouster,
sjoernaliste, redaktrise,
presintatrise
mediumtillefyzje, radio
wurksum byNOS, RTL, VARA
bekend fanNOS Sjoernaal
jierren aktyf2000 – no
offisjele webside
asprodukties.com

Annechien Steenhuizen (Amersfoart, 12 maaie 1977) is Nederlânsk nijslêzeresse, ferslachjouster, sjoernaliste, tillefyzjeredaktrise en presintatrise. Hja begûn har karriêre op 'e nijsredaksje fan RTL, wêrnei't se op RTV Utert in regionaal opspoaringsprogramma presintearre. Fan 2008 oant 2009 wie se ien fan 'e 'Jakhalzen' yn it VARA-programma De Wereld Draait Door. Sûnt 2013 is hja ien fan 'e fêste presintators fan it acht-oeresjoernaal fan 'e NOS.

Wurkpaad

Steenhuizen waard yn 1977 berne yn Amersfoart. Se folge fan 1995 oant 1999 in oplieding oan 'e Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert. Dêrnei begûn se har karriêre yn 2000 by de nijsredaksje fan RTL Nederlân, dêr't se goed trije jier as redaktrise meiwurke oan it programma 5 in het Land, op RTL 5, en oan RTL Nieuwsmagazine, de foarrinner fan Editie NL.

Annechien Steenhuizen (2011)

Yn juny 2002 gie Steenhuizen by Radio M Utrecht oan it wurk as ferslachjouster. In skoftke letter mocht hja by de regionale omrop fan Utert ek tillefyzje dwaan, en presintearre hja dêr in pear kear yn 'e moanne Bureau Hengeveld, it regionale opspoaringsprogramma. Yn april 2005 presintearre se ek it regionale nijsmagazine U Vandaag, yn 'e mande mei Conny Kraaijeveld, Hilde Kuiper en letter ek mei Evelien de Bruijn. Dêrnjonken die se live-radioferslaggen en wie se de fêste ynfalster by it radioprogramma Aan Tafel.

Fan 1 maart 2008 ôf die Steenhuizen in jier mei oan it VARA-programma De Wereld Draait Door, dêr't se ien fan 'e 'Jakhalzen' wie en reportaazjes oer ferskate ûnderwerpen makke. Yn maart 2009 waard se oannommen as ien fan 'e fêste presintators fan it programma NOS op 3, en op 29 septimber 2009 wie se foar it earst te sjen as nijslêzeresse fan it NOS Sjoernaal fan tsien oere jûns.

Op 1 novimber 2011 waard Steenhuizen oansteld as ien fan 'e fêste nijslêzers fan it NOS Sjoernaal. Hja presintearre yn 't earstoan benammen de oerdeiske sjoernaals, ynklusyf it bulletên fan seis oere jûns. Op 13 maart 2013 presintearre se foar it earst Nieuwsuur en it lette sjoernaal. Twa moannen letter, op 13 maaie, folge se Sacha de Boer op as fêste nijslêzeresse fan it acht-oeresjoernaal. Sûnt presintearret se dat sjoernaal yn wiken mei in ûneven wyknûmer, wylst har kollega Rob Trip de even wyknûmers foar syn rekken nimt.

Priveelibben

Annechien Steenhuizen hat in relaasje, dêr't in soan en in dochter út berne binne.

Karriêre-oersjoch

Jier Programma Funksje
1999 - 2002 RTL Nijs redaktrise
2002 - 2008 RTV Utert (U Vandaag) radioferslachjouster en tillefyzjepresintatrise
2008 De Wereld Draait Door (de Jakhalzen) Jakhals
2009 - 2011 NOS Sjoernaal op 3
NOS op 3
presintatrise
2011 - 2013 NOS Sjoernaal (útstjoerings fan 13.00 - 16.00 oere en 18.00) presintatrise
2013 - no NOS Sjoernaal (útstjoering 20.00 oere) presintatrise
2019 - no Projekt Rembrand (NTR) presintatrise

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.