Anne de Koe (Seisbierrum, 2 oktober 1866 - Lochem, 3 april 1941) wie in predikant en Tolstojaan (kristlik anargist).
Libben en wurk
Op 11 augustus 1896 troude er mei Allegonda Thieme; hja krigen trije dochters. Pieter Jelles Troelstra wie in omke fan him.
Anne de Koe wie fjouwer jier predikant te Nieuwveen (Súd-Hollân), kaam doe yn april 1898 yn De Helder te stean. As anty-militêrist krige er lykwols rillegau skeel mei de marineminsken dêre. It konflikt waard sels yn de Twadde Keamer besprutsen. De Koe koe it gefoel dat er net yn de tsjerke paste net kwyt reitsje, dat hy joech yn 1901 syn amt oer. Yn itselde jier gie er mei syn húshâlding oer nei it Ynternasjonale Bruorskip, de koloanje fan syn freon S.C. Kylstra te Blaricum en yn 1902 sluet er him oan by de koloanje 'Walden' fan Frederik van Eeden yn It Goai.
Hy krige lykwols rillegau rûzje mei Van Eeden oer idealen en belied. Hy wie gjin man fan kompromissen. Hy rekke oerspannen en wenne in skoft by syn âlden yn Seisbierrum om ta rêst te kommen. Ferfolgens sette er him ta wenjen yn Bussum, dêr't er rjochten en steatsynrjochting studearre. Yn Bussum wie er riedslid foar de SDAP, dêr't er as tolstojaan dochs lid fan wurden wie.
Dan, fan 1908 oant 1929, wie er direkteur fan Ons Huis yn Rotterdam. Dêr fûn er úteinlik syn bestimming en waard ek wer riedslid foar de SDAP. Hy waard in autoriteit op it mêd fan folkshûswurk en mienskipsfoarming.
Yn 1929 gie op eigen fersyk mei betiid pensjoen, ek út reden fan konflikten, en ferfear er nei Lochem; hy studearre der Fryske folkloare en archeology. Hy reizge it hiele lân troch om nei oerbliuwsels fan âlde folkskultuer en iere religy te sykjen. De Koe trede op foar it Frysk Sosjaal-demokratysk Ferbân. Op 'e ein fan syn libben wie er in soad siik, mar wegere de help fan dokters.
Publikaasjes
- Kristelik anarchisme yn: Vrede, 15.6.1898;
- Afscheid van de kerk (Den Haach 1901);
- 'n Preek en wat er van kwam (Amsterdam 1899);
- Het doorgangshuis in het Gooi yn: Het Volk, 21.5.1903;
- Rampzalig Walden yn: Het Volk, 27.5.1903;
- Dus nog erger yn: Het Volk, 6.6.1903;
- Ons Huis en de Volksuniversiteit yn: Inleidingen gehouden op de conferentie voor volkshuiswerk in 'Ons Huis' (Rotterdam 1921);
- Een Engelsch-Duitsche vacantieschool yn: Volksontwikkeling, 1923;
- Oude Nederlandse volksdansen (Amsterdam, 1927-1929, l935-19552; mei A. Sanson-Catz);
- Problemen der vrije volksontwikkeling (Amersfoort 1929);
- In hoeverre eischt de politieke radicaliseering der grootstedelijke bevolking wijziging van de taak der volkshuizen? yn: Volksontwikkeling, 1933;
- Psalmen, songen yn 'e fryske tsjinst yn 'e Himster tsjerke (Lochem 1933);
- Voorrede yn: W.C. Bijl en oaren, Volksontwikkeling. Beginselen en practijk (Arnhim 1938);
- Bibliografy fan en oer A. de Koe yn Provinsjale Bibleteek fan Fryslân (Ljouwert) A 4145.
Literatuer
- A.R. Scholten, Tolstoyisme yn Fryslân yn: Ljouwerter Krante, 3.8.1937;
- J.J. Kalma, Preekt en wauwelt niet te veel, steekt de handen uit de mouw yn: Ljouwerter Krante, 17.7.1976;
- J.J. Kalma, Anne de Koe, één der Friese radikalen yn: Ljouwerter Krante, 13.11.1976;
- J.M. Welcker, Heren en arbeiders (Amsterdam 1978);
- J.S. de Ley, B. Luger, Walden in droom en daad (Amsterdam 1980);
- M.W.J.L. Boersen, De kolonie van de Internationale Broederschap te Blaricum (Blaricum 1987);
- H. Nijenhuis, Werk in de schaduw. Club- en buurthuizen in Nederland, 1892-1970 (Amsterdam/Utrecht 1989);
- B. Mulder, 'De sosjaal-demokrasy en it Frysk: kultuerpolityk yn etappes' yn: M. de Bok, J. Frieswijk, B. Mulder (red.), 110 jaar sociaal-democratie in Friesland (Akkrum 1994);
- L. Heyting, De wereld in een dorp. Schilders, schrijvers en wereldverbeteraars in Laren en Blaricum 1880-1920 (Amsterdam 1994).
- Doeke Sijens. Anne de Koe. De bevrijdende daad komt van binnen uit. yn: Fryslân, 18e jiergong (2012)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Koe, Anne de. |