Stânbyld fan Grutte Pier, makke troch Anne Woudwijk.
Livius, Aldegea, 2010

Anne Woudwijk (Drachten, 11 maaie 1952) is in byldzjend keunstner út Drachten.

In soad fan syn wurk is neu ferbûn mei de provinsje Fryslân. Woudwijk wurdt ek faken ynspirearre troch de âlde Germaanske mytology.

Yn it bekend wurk fan syn hân is it stânbyld fan Grutte Pier yn it sintrum fan Kimswert. Yn 1992 bea hy by de iepening fan in Frysk-Grinzer agintskip fan De Nederlandsche Bank[1] yn Drachten in byld oan, dat in guozzepear foarstelde. Mei it pear, dat elkoar libbenslang trou bliuwt, symbolisearre Woudwijk de ferbûnenheid tusken de provinsjes Grinslân en Fryslân. Yn opdracht fan De Nederlandsche Bank mekke hy fierder in keunstwurk mei as titel De Guozzetrek. Trije wjuken, wêrfan de heechste 5,50 meter is, steane yn in hoeke fan 17 graden yn in fiver foar it gebou.

Yn 2002-2003 exposearre Woudwijk yn Museum Smellingerlân yn Drachten mei njoggen mytologyske bylden.[2]

Yn 2006 eksposearre hy yn itselde museum mei in ynstallaasje[3] mei as tema de âldtestamintyske profeet Elia. De ynstallaasje is útfierd yn paleobasalt.

Yn 1993 waard op de pier fan Holwert in byld fan in walfisk setten. Neidat in fearboat der yn 2001 yn tichte mist tsjinoan fard wie, waard it 50 ton swiere byld slim skansearre.[4] It byld is wyls restaurearre en wer op de pier fan Holwert tichtby it oanlisplak foar de boat nei It Amelân setten.

Anne Woudwijk makket ek de byldsjes foar de Rink van der Veldepriis.

Syn dochter Roelie Woudwijk (Drachten 1979) is ek byldzjend keunstner.

Wurk yn de iepenbiere romte

Anti-apartheidsbyld (1986), Drachten
It Drachtster skûtsje (2014)
PlakTitelJier
Dokkum: J. J. Boumanschool, HantumerweiMenhir1982
Drachten: BerkenlaanFransiskus fan Assisy1989
Drachten: Gauke BoelenslaanAnty apartheidsbyld1986
Drachten: Helmhout 21De Stienbok1995
Drachten: MûneinBouwe1987
Drachten: Parkwijck De SingelsSkûtsjes1988
Drachten: TorenstraatHûnsje1995
Drachten: fiver foar 'Centrum voor Lichtarchitectuur', Oerterper FallaatGuozzetrek1992
Drachten: foar CSG Liudger , Splittingsûnder titel1976
Drachten: ZetveldFamylje om stjer hinne1992
De Fochtel: foar doarpshûs 'Et Legien', ZuideindeKuorhin1997
It Hearrenfean: foar ibs 'De Letterbeam', C. van ScheltingawegFan kikkertdril oant kikkert (spylplastyk)1979
Drylts: Gemeentehûs, StadslaanFrysk hynder mei fôle en bern1986
Jirnsum: DouwemastrjitteSirkusoaljefantsje1998
Ketlik: yn natuergebiet de 'Katlijker Schar'At de moanne it lânskip feroaret, gûle de wolven1997
Kimswert: foar café 'Greate Pier', Greate PierweiGrutte Pier1985
Ljouwert: foar gebou FNP, ObrechtstraatYndiaan1986
Nij Beets: Gietersewei 1sûnder titels.j.
Nijlân: TsjerkegrêftLeginde fan de oksen1994
De Peinsûnder titel (oarlochsmonumint)1995
It Oranjewâld: Koningin JulianawegSprong fan de ree1990
Snits: SchoenmakersstraatDe Miereheap1982
Sumar: Damsingel Bintje1999
Terherne: UtbuorrenDe Wolf1996
Tytsjerk: by de brêge oan it SúdereinSkippersfrou1982
Wytmarsum: boarstbyld op plein yn it sintrumPim Mulier1986
Drachten:It Drachtster skûtsje2014
Aldegea (Smellingerlân): by de Sint-AgatatsjerkeUrnemuorre mei bank2021

Literatuer

  • P.M.J. Jacobs - Byldzjend Nederlân: biografysk hânboek (1993)
  • Gerrit & Eilert Lubbers - Anne Woudwijk (1998)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foto’s fan Anne Woudwijk syn wurk:


  1. Wysl sit yn it gebou it Sintrum foar Ljochtarsjitektuer.
  2. Eftergrûnynformaasje oer dizze bylden is te finen op CultuurArchief.nl
  3. Oer dit wurk is mear ynformaasje te finen op Galeries.nl.
  4. Veerboot Sier vaart walvis stuk in Leeuwarder Courant, 26 septimber 2001
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.