Anne Oosterhaven (Gaast, ?) is muzikant út Snits.
Sûnt 1983 muzyskdosint oan CSG Bogerman yn Snits. Joech yn de jierren 1985/1995 les oan ferskate konservatoria yn de ôfdieling skoalmuzyk. Dêrneist is er muzikant, dirigint en orkestlieder fan de Bogerman bigband, komponist/arranzjeur. Wurke mei as lieder fan de Basic Big Band by de produksje fan de cd Trochstrings & Ko. Mei it liet Wer wat alline wûn hy it Liet-Festival yn 1993. Waard by it sjongen begelaat troch Tseard Nauta (kontrabas), Kees Romers (saksofoan) en syn eigen pianospul. Mei Baukje Wytsma makke er it Simmer 2000-liet. Yn harren bedriuw 'Maatwerk Muziek' lei er him mei [Tseard Nautata] ta op it produsearjen en organisearjen fan ferskate (muzyk-) eveneminten.
Diskografy (mei oaren)
- CD's
- Trochstrings & Ko, (Maura Music, 1998MM039, 1998)
- Tsien jier 'Liet, (Marista MCD 5810, 2002)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.