Anjar
عنجر / Անճար | ||
![]() | ||
Polityk | ||
Lân | Libanon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.400 | |
Oerflak | 18,2 km² | |
Hichte | 950 m. boppe seenivo | |
Oar | ||
Stifting | 1939 | |
Offisjele webside | ||
Anjar |
Anjar (Arabysk: عنجر, Armeensk: Անճար), ek bekend ûnder de namme Haoush Mousa (حوش موسى; Ḥauš Mūsā), is in lytse stêd yn de Bekafallei yn Libanon. De stêd leit likernôch 60 kilometer eastlik fan de haadstêd Beirût en hat ûngefear 2.400 ynwenners. Suver de hiele befolking bestiet út Armenen.
It hjoeddeiske Anjar
It moderne Anjar waard yn 1939 met stipe fan Frankryk stifte troch Armeenske flechtlingen. De flechtlingen moasten harren doarpen op de Musa Dagh (oers.: Berch fan Moazes) ferlitte, nei't Turkije dat gebiet anneksearre. De Armenen kamen hjir yn in krite dy't droech wie en der wie fierders neat. Mear as 10% fan de flechtlingen ferstoar yn it begjin oan syktes en in tekoart oan iten. Mei help fan de Frânsken waarden de tinten ferfongen troch hûzen en waarden de omstannichheden njonkelytsen better.
Anjar wurdt ferdield yn wiken, dy't ferneamd waarden nei de seis doarpen dy't de Armenen ferlitte moasten:
- Haji Hababli
- Kabusia
- Vakif
- Khodr Bek
- Yoghun Oluk
- Bitias
Nei de Twadde Wrâldoarloch emigrearren in soad bewenners nei Armeenje[1], mar ek no noch binne hast alle 2.400 ynwenners fan Anjar Armenen, dy't in West-Armeensk dialekt prate. De measte bewenners hearre by de Armeensk-apostoalyske Tsjerke, in lytser oantal by de Armeensk-katolike Tsjerke en de Armeensk-protestanske Tsjerke. Anjar hat boppedat trije kristlike skoallen.[2]
De Sint-Paulustsjerke fan Anjar is de op ien nei grutste Armeenske tsjerke yn Libanon. By de tsjerke stiet in monumint ta oantinken fan de 18 martelaren, dy't yn 1915 harren libben joegen by it beskermjen van de Armeenske befolking tsjin de troepen fan it Jong-Turksk regear op de Musa Dagh. [3]
It antike Anjar
It antike Anjar stie ea bekend ûnder de namme Gerrha, in stêd dy't yn de 8e iuw troch de Umayyaden boud waard. De stêd hie in koarte bloeiperioade fan 20 oant 30 jier. De Abbasiden besochten it kalifaat fan de Umayyaden mei súkses oer te nimmen en oerweldigen yn 744 de stêd. De oerfal liet in ferwoastge stêd efter.[4] De bouwurken bleaune lykwols as ruïnes stean en waarden sûnt de jierren 1940 wer opgroeven. It plak kaam yn 1984 op de Wrâlderfgoedlist te stean. De stêd jildt as ien fan de bêste foarbylden fan iere islamityske stedsûntwikkeling. Yn de arsjitektuer en de wize fan planning falt noch in soad byzantyske ynfloed te bespeuren.
- Kapiteel
- Ramen
- Paleis
- Muorre
Keppeling om utens
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anjar fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |