Anissa Kate
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Anyssa Kate, Alissa Kate
echte namme ?
nasjonaliteit Frânsk
berne7 maaie 1987
berteplakLyon (Frankryk)
etnisiteit Italjaansk
Kabylsk
wurkpaad
wurksum aspornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf2011 – no
offisjele webside
www.anissa-kate.com

Anissa Kate, echte namme ûnbekend (Lyon, 7 maaie 1987), is in Frânsk pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte, wa har namme oft ek wol stavere wurdt as Anyssa Kate, en dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Alissa Kate. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m, mei in gewicht fan 51 kg en kupmaat 37D.

Libben en karriêre

Anissa Kate is hikke en tein yn it Frânske Lyon, as de dochter fan in Italjaanske heit en in Kabylske mem (de Kabylen binne in Berbersk folk út noardlik Algerije). Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se yn Lyon ekonomy. Under har stúdzjetiid kaam hja yn 'e kunde mei in man dy't wurksum wie yn 'e pornografy, en krige in relaasje mei him. Hy yntrodusearre har yn 'e pornoyndustry, en yn septimber 2011, doe't se 24 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film Ultimate French Girls 3, fan regisseur Alexandre Legland.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Kate sûnt yn krapoan hûndert pornofilms spile, yn 't earstoan fral foar Frânske en oare Jeropeeske labels, lykas Vidéo Marc Dorcel en Private. Yn 2012 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en wurksum wie foar sokke foaroansteande studio's as Pure Play Media, Evil Angel, West Coast Productions, New Sensations, Elegant Angel, Digital Playground, Hustler Video, Digital Sin en Zero Tolerance.

Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers, BangBros, Reality Kings, Peter North.com en Kink.com. Dêrmei hat Kate ûnderwilens twa AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se foar nochris fjouwer nominearre west hat. Njonken har aktearwurk is Kate ek efter de skermen aktyf as pornoregisseur en -produsinte. Se hat twa films sels regissearre: Anissa Kate on the Road 66, út 2012, en Ass, Cash and Politics, út 2013. Dêrby hat se har eigen filmlabel oprjochte, Studio Anissa Kate.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2013 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Ian Scott en Omar) Den of Depravity
nominearre bêste groepsekssêne (mei Prince Yahshua, Marco Banderas en Tony DeSergio) The Initiation of Anissa Kate
nominearre bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sêne (gonzo/non-feature publikaasje) (mei Mark Ashley) Angels of Debauchery 9
nominearre bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue en Ramon Nomar) DP Fanatics 2
wûn bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Aleska Diamond, Anna Polina, Tarra White, Angel Piaff, Rita en Mike Angelo) The Ingenuous
wûn bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sêne (fynjetpublikaasje) (mei Breanne Benson en Johnny Sins) My Dad's Hot Girlfriend 17
nominearre bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste lesbyske sêne (mei Ariel Rebel) Pornochic 24

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.