Siel dy't troch ingelen nei de himmel brocht wurdt fan William Bouguereau
Offers by in 'geastehûs' yn Tailân
Offers by in 'geastehûs' yn Kambodja

Animisme is it leauwen yn sielen en geasten, fan it Latynske wurd anima, dat “azem”, “siel” of “geast” betsjut. De term Animisme wurdt hieltyd faker brûkt as in oare en ynwikselbere beneaming foar natoerreligys, mar eins jout it dêr mar ien, wichtich, aspekt fan oan. Oarsom is animisme net beheind ta natoerreligys, mar spilet it ek in wichtige rol yn bygelyks it Kristendom, it Hindoeïsme en it Boedisme.

It animisme yn natoerreligys

Hoewol’t animisme dus net allinne mar yn natoerreligys foarkomt, is it wol sa, dat it dêr ornaris fierder yn trochfierd is; sa leaut men bygelyks faak dat net allinne minsken, mar ek bisten, planten en libbenleaze dingen lykas stiennen, wetter, fjoer, wyn en rein, in siel of geast hawwe. Sokke geasten wurde natoergeasten neamd. Noch wer oare geasten belichemje net in beskate minske of plant of in beskaat bist of ding, mar binne goed of kwea en wurde ornaris beskerm- en kweageasten neamd.

Yn it leauwe fan de Yanomami, fan noardwestlik Brazylje en súdlik Fenezuëla, binne benammen de geasten fan ’e bisten en planten wichtich. Dy moatte te freon holden wurde troch seremoanjes dêr’t de dielnimmers, útslutend manlju, gebrûk by meitsje fan ferdôvjende middels. De Apajo, út ’e noardlike Filipinen, leauwe ûnder mear yn geasten dy’t allerhanne foarmen oannimme kinne, lykas dy fan minsken, bisten, reuzen en meunsters. De Kanaken fan Nij Kaledoanje leauwe dat de geasten fan ’e ferstoarnen nei de dea grutte macht krije en dêrom tefreden holden wurde moatte. Se leauwe ek yn natoergeasten en bringe oan ’e hiele geastewrâld offers, om’t dêr neffens harren in sûn libben fan ôfhinget.

De Kree, fan sintraal Kanada, leauwe yn ’e chupi, de geasten fan ’e ferstoarnen, dy’t sawol troch de bosken swalkje, as troch de loft reizgje kinne. It noarderljocht neame se pahkukkar-nemichik, “de dûns fan ’e sielen”. De Mentawaiers, fan westlik Yndoneezje, leauwe yn in grut ferskaat oan geasten, dêr’t dy fan ’e loft, de see, it wâld en de ierde it machtichst fan binne. Der binne ek twa wichtige riviergeasten: Ina Oinan is goed, Kameinan is kwea. De Xhosa, fan Súd-Afrika, leauwe dat immen troch hekserij yn besit nommen wurde kin troch ien of mear kweageasten. De gefaarlikste kweageasten binne de tokoloshe, dy’t ornaris yn it wetter libje.

Neffens de Ibo, fan súdeastlik Nigearia, krijt immen syn chi of lot rjochtstreeks fan Chukwu, de goede skepper. In deade jout syn chi werom om him dêrnei by de wrâld fan ’e foarâlden en oare geasten te foegjen. Dêrwei wekket er dan oer syn libbene neikommelingen. Mooglik keart er ienris werom nei de wrâld fan ’e libbenen mei in nij chi. Dejingen dy’t in minne dea stoaren, bygelyks troch selsmoard of yn it kreambêd, waard lykwols eartiids in begraffenis ûntkeard; sy waarden yn it oerwâld smiten, dêr’t se omdoarmjende kweageasten waarden.

De Navajo, út ’e Amerikaanske steaten Nij Meksiko en Arizona, leauwe yn it bestean fan twa soarten wêzens: it Ierdfolk, oftewol de minsken, en it Hillige Folk, machtige, mysterieuze en boppenatoerlike wêzens. Ek leauwe se yn in delikaat en brekber lykwicht fan it hielal, dat hanthavene wurde moat troch regels dy’t earbiedige wurde moatte troch beide Folken. Salang’t dat bart, is der feilichheid, oerfloed en harmony. At dat net sa is, as immen troffen wurdt troch sykte of ûngelok, dan wurdt it Hillige Folk yn spesjale, yngewikkelde seremoanjes frege it lykwicht werom te bringen.

By de Sûmbanezen, fan súdlik Yndoneezje, is it wichtichste barren yn in minskelibben it ferstjerren; dan foeget de minsk him nammentlik by de ûnsichtbere wrâld fan ’e marapu, de geasten, dêr’t men de wrâld fan ’e libbenen wei beynfloedzje kin. De geasten fan ’e deaden wurde marapu mameti neamd. De libbenen kinne harren, en dan yn it bysûnder har eigen famyljeleden, oanroppe foar help, hoewol’t de deaden kwea oanrjochtsje kinne as se har ergerje. De marapu maluri binne de natoergeasten dy’t yn dy foarm skepen binne troch de goaden. Harren macht is konsintrearre yn beskate foarwerpen en op beskate plakken.

De Jupik fan Alaska en eastlik Sibearje freezje de dea sels net, mar de toornot (inkeltal toornoq) wol. Dat binne de geasten fan ’e deaden, dy’t weromkomme om rjochtdei te hâlden oer minsken dy’t har by libben wat misdien hawwe. Oare gefaarlike geasten binne de tupilat, de demoanen dy’t nachtmerjes befolkje, en de qivittoq, de gletsjergeasten, dy’t besit nimme kinne fan minsken dy’t har sjogge.

Sielsfoarstellings yn ’e natoerreligys

Yn natoerreligys binne de sielsfoarstellings by minsken almeast yngewikkelder as yn bygelyks it Kristendom. Der besteane nammentlik faak ferskate sielsfoarstellings njonkeninoar, dy’t ferbûn wêze kinne mei ferskillende aspekten fan it wêzen fan ’e minske, lykas azem, skaad, namme, fitaliteit, sûnens, fruchtberens, moed, ensfh., en dy’t ferskillende funksjes ferfolje. De Shui, fan súdlik Sina, leauwe bygelyks dat de minske tolve ferskillende sielen hat, dy’t nei de dea troch tige yngewikkelde deadetaboes en begraffenisrituëlen allegearre nei it krekte hjirneimels stjoerd wurde moatte.

Fan sokke al of net njonkeninoar foarkommende sielsfoarstellings binne guon by steat en ferlit it lichem, wylst oare dat net kinne. De Bataks fan noardlik Sumatra, bygelyks, leauwe yn ’e tondi. It begryp tondi is de siel, de geast, de essinsje fan jins yndividualiteit. De Bataks leauwe dat dy him foar de berte ûntwikkelet en net yn, mar tichteby it lichem tahâldt. Ut en troch giet sa’n tondi fierder by it lichem wei, mei sykte as gefolch. Dêrom is it essinsjeel foar Bataks om offers te bringen oan harren eigen tondi, sadat dy by har bliuwe sil.

De Inuit leauwe yn ’e siel of “azem” fan ’e minske, dy’t fuortlibbet nei syn of har dea. Ut ’e lichems dy’t op it lân bliuwe, wurdt de siel opnommen troch de kâlde en ûnnoflike loft; út ’e lichems dy’t yn ’e see telâne komme, kin de siel nei de waarme, rike jachtgrûnen op ’e seeboaium gean. Sadwaande kaam de Middeneastlike noasje dat de hel in waarm plak is, de Inuit wol tige frjemd foar.

De Mentawaiers, fan ’e Mentawai-eilannen, yn westlik Yndoneezje, leauwe dat alle minsken, bisten en dingen kina, geasten, hawwe, dy’t har libje litte. De ferearing fan ’e minsklike siel is in essinsjeel ûnderdiel fan harren godstsjinst. Se leauwe dat de siel it lichem ferskate kearen ûnder it libben ferlit, dêrmei dreamen of yn slimmere gefallen sykte feroarsaakjend, foar’t er úteinlik foargoed ûntsnapt by de dea. Dêrnei wurdt de siel transformearre yn in geast, in sanitu. De Mentawaiers besykje dy geasten safolle mooglik te mijen, om’t se as tige gefaarlik beskôge wurde.

By de folken fan de noardwestkust fan Noard-Amearika wie foarhinne it leauwen yn reynkarnaasje of, minder spesifyk steld, in foarôfgeand bestean fan ’e siel, tige algemien. Guon stammen leauden ek yn metemsomatoaze, it reynkarnearjen fan ’e siel yn mear as ien lichem tagelyk. Sadwaande wie yn dat gebiet de foarâldenferearing bysûnder sterk.

It is foar Westerlingen faak dreech om sokke sielsfoarstellings faninoar en fan besibbe begripen te ûnderskieden. Sa is by de Eskimo’s de inua of yua, letterlik: “jins minske”, itjinge dat jin ta minske makket, net allinne de beneaming foar in wichtige sielsfoarstelling, mar ek foar de wichtichste geastlike natoerkrêft.

It animisme fan natoerreligys tsjin oare religys oer

It leauwen yn geasten is foar fersprieders fan wrâldgodstsjinsten lykas it Kristendom en de Islam ien fan ’e dreechst út te roeien aspekten fan natoerreligys. Sa ferearje de Bajau, fan ’e súdlike Filipinen en noardlik Borneo, dy’t foar in grut part oergongen binne nei de Islam, noch altyd allegearre de saitan, de natoergeasten fan bygelyks de wyn, see, fisken en beammen, dy’t sykten feroarsaakje kinne as men se lilk makket.

De tsjintwurdich sûnder útsûndering kristlike Cookeilanners, út ’e Stille Súdsee, hawwe troch de warberens fan ’e misjonarissen frijwol neat oerholden fan harren foarâlderlike godstsjinst, útsein it leauwen dat de geasten fan ’e deaden deselde wrâld bewenje as de libbenen. Krekt deselde sitewaasje bestiet yn ’e Stille-Súdseesteat Belaû, dêr’t de minsken hjoed de dei foar it grutste part kristlik binne, mar dêrnjonken ek it leauwen yn natoergeasten en lokale doarpsgoaden beholden hawwe.

Sels by de Atjeeërs fan noardlik Sumatra, dy’t bekendsteane om harren strang islamityske tradysje, hat it leauwen yn beam-, saad-, rots- en stiengeasten de iuwen oerlibbe, sadat dat ek no noch in part fan it deistich libben útmakket. Ek wurdt der noch leaud yn kweageasten, dêr’t fan sein wurdt dat se benammen yn ’e skimering tige aktyf en gefaarlik binne.

Itselde jildt ek foar it offisjeel islamityske Java. Want hoewol’t de grutte mearderheid fan ’e Javanen - yn alle gefallen nei bûten ta - de Islam oanhinget, bestiet ek noch hieltiid de preïslamityske Javaanske religy, de Agama Jawa, dy't in gearmjoksel is fan animisme, foarâldenferearing, fetisjisme, sjamanisme, Hindoeïsme en Boedisme mei islamityske ynfloeden. De Agama Jawa omfettet it leauwen yn geasten, godheden en magy en it útfieren fan in grut ferskaat oan rituëlen. Hoewol’t de opmars fan ’e Islam derfoar soarge hat dat sokke leauwensoertsjûgings faak bespot wurde en dat guon eleminten fan ’e Javaanske religy ferdwûn binne, hâlde in protte Javanen der noch oan fêst, benammen yn East-Java en op it plattelân.

Oan ’e hoven fan ’e Middenjavaanske keninkriken wie de goadinne Nyai Loro Kidul (“de Keninginne fan ’e Súdsee”) as bringster fan macht en wolfeart de wichtichste godheid. Tradisjoneel sleaten de foarsten fan Yogya en Solo sels in spiritueel houlik mei har. Ek de hjoeddeiske susuhunan fan Solo besiket noch op fêste tiden Parangtretes oan ’e súdkust, dêr’t er troch meditaasje kommunisearret mei Nyai Loro Kidul. Fierders wurde der noch elts jier grutte rysoffers út ’e kratons fan Yogya en Solo nei de see brocht.

De Javaanske religy omfettet in grut tal geasten, dy’t allegearre tefreden holden wurde moatte. Yn it foarste plak binne der de geasten fan ’e deaden, dêr’t men fan leaut dat se net daliks nei it ferstjerren nei de geastewrâld geane. Dêrom wurdt der oant fjirtich dagen nei de dea iten foar de ferstoarne klearset en wurde der oant tûzen dagen nei de dea op sette tiden beskate deaderituëlen, slametan-rituëlen, útfierd. Fierders leaut men dat de geasten fan foarâlden de libbenen helpe kinne. Dat is ien fan ’e wichtichste redens dat de grêven fan grutte lieders, lykas Achmed Soekarno, de earste presidint fan Yndoneezje, faak yn beafeartsplakken feroarje.

Behalven de geasten fan ’e deaden binne der ek oare goede geasten, lykas de dayang, de beskermgeasten fan it doarp, de widadari, kreaze nimfen, en de ingkang ngemon, persoanlike beskermgeasten. Tuyul binne ûndogenske kweageasten, dy’t de foarm fan bern of dwergen oannimme kinne. Troch tsjoenderij of meditaasje kin men lykwols harren help winne en ryk wurde; mar de tuyul easkje dêr wol wat foar werom. Ek krije se faak de skuld fan dieverij. De measte oare kweageasten binne folle gefaarliker en meunsterliker en steane net iepen foar kommunikaasje, hoewol’t de kuntilanak harren foardogge as kreaze, neakene sirenes en by nacht iensume manlju besykje mei te lokjen. Kweageasten kinne minsken ek besette en dêrtroch sykte of gekte feroarsaakje. Men leaut dat se it lichem dan binnenkomme troch de soallen fan ’e fuotten of troch de fontanellen. Benammen jonge bern binne dêr tige fetber foar.

Sjoch ek

Literatuer

  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, ûnder redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • J. DuFresne, Alaska, Hawthorn, 1997.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • W. Kielich, Volken en Stammen - Indonesië, Amsterdam, 1976.
  • M. Langley, Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • L. Logan en G. Cole, New Caledonia, Hawthorn, 1997.
  • B. Mayhew, en Th. Huhti, South-West China, Hawthorn, 1998.
  • J. Murray, J. Williams en R. Everist, South Africa, Lesotho & Swaziland, Hawthorn, 1998.
  • J. Peters, Philippines, Hawthorn, 1997.
  • N. Selby en oaren, Brazil, Hawthorn, 1998.
  • H. Smith, De religies van de wereld, Utert, 1999.
  • R. Storey en oaren, China, Hawthorn, 1998.
  • P. Turner, Java, Hawthorn, 1995.
  • P. Turner en oaren, Indonesia, Hawthorn, 1997.
  • H. Wouters, Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.