Animatisme, of fitalisme, sa’t it yn ’e Angelsaksyske lannen neamd wurdt, hâldt it leauwen yn it besiele-wêzen fan ’e hiele natoer yn. It jildt as in betider stadium fan animisme. Animisme ferûnderstelt yndividuële sielen en/of geasten yn minsken, bisten, planten en anorganyske dingen. By animatisme belibbet men de folsleine natoer as ien gehiel, dêr’t de yndividuële komponinten fan sterk ûnderling mei-inoar ferbûn binne.
In foarbyld fan animatisme is bygelyks it leauwen fan ’e Eskimo’s yn anua, in krêft of geast dy’t net allinne yn alle taastbere dingen sit, mar ek yn abstraksjes, lykas de nammen fan minsken.
De term waard introdusearre troch Robert Marret, dy besocht de alderearste foarm fan religy te finen. Yn animatism hâldt religy hast allinnich mar it ûntsach yn foar de allibbene natoer.
Sjoch ek
Literatuer
- A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
- J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
- Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, ûnder redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
- Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
- M. Eliade en I. P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.