Angela Postma
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum6 augustus 1971
berteplakEde
sportive ynformaasje
sportSwimmen
ûnderdielFrije Slach
O.S.Atlanta 1996

Angela Postma (Ede, 6 augustus 1971) is in earder topswimster fan DZ&PC út Drachten. Yn har jeugd ferfear se nei Ossensyl en waard lid fan de swimklub yn Stienwyk.

Se makke yn 1994 diel út fan de Olympyske kearnploech fan de KNZB. By dat toernoai kaam Postma, lid fan swimferiening DZ&PC út Drachten, net fierder as it tsiende plak (25,82) op de 50 meter frije slach, tanksij it twadde plak yn de B-finale. Mear súkses hie de sprintster op de koartebaan (25 meter). Sa wûn se de gouden medalje op de 50 meter flinderslach by de Jeropeeske kampioenskippen yn Stavanger. By datselde toermoai helle Postma ek in sulveren (50 frij) en in brûnzen (4x50 frij) medalje.

Angela Postma waard Nederlânsk kampioene op har spesjaliteit, 50 meter frije slach. Se waard yn 1994 swimster fan it jier.

Op de olympyske langebaan (50 meter) ferraste Postma by de wrâldkampioenskippen fan 1994 yn Rome mei in finaleplak (sânde) en in Nederlânsk rekord (25,55). In jier letter, by de Jeropeeske kampioenskippen yn Wenen, wûn de pupil fan trener-coach Henk Tempelman de brûnzen medalje op har favorite ôfstân, de 50 frij, yn in tiid fan 25,86.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.