Angela Little
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAngela Michelle Little
nasjonaliteit Amerikaansk
berne22 july 1972
berteplakAlbertville (Alabama)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel en
   mainstream-aktrise
jierren aktyf1998 – no
offisjele webside
www.angelalittle.net

Angela Little (folút: Angela Michelle Little; Albertville (Alabama), 22 july 1972) is in Amerikaansk neakenmodel, dat yn 1998 in Playmate of the Month wie yn it neakenblêd Playboy. Neitiid posearre se noch ferskate kearen neaken, mar dêrnjonken sette se ek útein mei in karriêre as aktrise yn mainstream-films.

Karriêre

Little waard yn 1972 berne yn it plak Albertville, yn 'e Amerikaanske steat Alabama. Mei 26 jier stie hja yn 1998 as de Playmate fan 'e moanne augustus yn 'e Amerikaanske Playboy. Mei har blûne hier en rûne foarmen mocht se har daliks ferhûgje yn in grutte populariteit ûnder de lêzers fan dat neakenblêd. Hugh Hefner, de oprjochter en útjouwer fan Playboy, betocht nei't it skynt de flaainamme 'Little Marilyn' foar har, mei't se him tinken die oan filmleginde Marilyn Monroe. Fan 1998 oant 2003 wurke Little mei oan ferskate Playboy-fideo's en teffens oan guon spesjale edysjes fan it neakenblêd.

Neitiid boude se in karriêre op as aktrise yn mainstream-films yn Hollywood. Sa hie se rollen yn films as Rush Hour 2 (2001), My Boss's Daughter (2003), American Pie: Band Camp (2005) en Walk Hard (2007). Ek spile Little wol yn tillefyzjesearjes. Sa hie se gastrollen yn plysjesearjes as Cold Case en CSI: Crime Scene Investigation, dramarigen as Nip/Tuck, Monk en Charmed, komeedzjesearjes as Malcolm in the Middle en Reno 911!, en de soapsearje The Bold and the Beautiful. Ek hie se in fêste rol yn Buddy Faro, in searje dy't gjin lang libben beskern wie. Little wurke fierders as presintatrise fan it programma Wild on the Windy City op it E! Channel.

Priveelibben

Little troude op 20 augustus 2005 mei akteur en muzikant Andy Mackenzie. Dat houlik einige letter yn in skieding.

Lichemsskaaimerken

Angela Little is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte yn 'e Playboy fan augustus 1998 wie se doe 1.59 m lang, mei in gewicht fan 43 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Behalven de wenstige gatsjes yn 'e earlellen hie se in nâlpiercings, mar tatoeaazjes hie se net.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.