Andries van der Sloot, om 1935 hinne

Andries van der Sloot (Skalsum, 9 maart 1884 - Ljouwert, 30 septimber 1955), wie in keunstskilder en etser. Hy wie de broer fan Jentje van der Sloot en de heit fan keunstskilder Bauke van der Sloot.

Biografy

Andries van der Sloot waard berne as soan fan in boer. Hy krige syn earste lessen fan Ouwe Hemkes (1866-1947), ferver yn Skalsum. Dy syn soan Johan Hemkes (1894-1988) waard letter in bekend skilder[1].
Nei't er fierder leard hie yn it skilderjen yn Frjentsjer waard er dekoraasjeskilder by de bruorren Wits yn Ljouwert. Dêr krige er dien nei't er meidien hie oan in staking. Hy begûn dêrnei foar himsels as ferver en letter as sinematograaf, mar yn beide gefallen slagge er net en wie it dreech om troch de tiid te kommen.

It wie J.H. Breucker Andreae, direkteur fan de Algemene Friesche Levensverzekeringsmaatschappij yn Ljouwert dy't syn artistike talinten ûntduts. Dy stipe De Groot troch wurk fan him te keapjen en soarge derfoar dat er yn 1916 in oplieding oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn De Haach folgje koe.

Van der Sloot wurke yn Amsterdam, De Haach (Rijswijk), Oerisel, en fan 1919 ôf yn Fryslân en op de Waadeilannen. Underwerpen binne meast lânskippen en stillibbens, bytiden figueren en portretten. Syn wurken binne meast ympresjonistysk en yn de styl fan de Haachske Skoalle, ek wol mei romantyske aksinten. Guon fan syn etsen pike der út troch kwaliteit. In protte opdrachten hat er lykwols nea krigen, dat de húshâlding hie it net breed.

Van der Sloot wurke ek foar inkelde Fryske blêden en wie bestjoerslid fan ít 'Boun fan Fryske Keunstners'.

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Sloot, Andries van der.
  • Andries van der Sloot. Een temperamentvol schilderende Fries, Frysk Deiblêd, 20 febrewaris 2019
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.