Andrew J. Poppleton
politikus
echte nammeAndrew Jackson Poppleton
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum24 july 1830
berteplak ? (Feriene Steaten)
stjerdatum9 septimber 1896
stjerplakOmaha (Nebraska)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
boargemaster fan Omaha (Nebraska)
amtsperioade2 maart14 septimber 1858
foargongerJesse Lowe
opfolgerGeorge Robert Armstrong
lid fan it Territoriale Kongres fan Nebraska
amtsperioade18571858
lid fan it Territoriale Kongres fan Nebraska
amtsperioade18541855

Andrew J. Poppleton (folút: Andrew Jackson Poppleton; yn 'e Feriene Steaten, 24 july 1830Omaha (Nebraska), 9 septimber 1896) wie in Amerikaansk abbekaat en politikus dy't in grutte rol spile yn 'e iere skiednis fan 'e stêd Omaha. Hy tsjinne dêr koart as boargemaster, fertsjintwurdige de stêd yn it Territoriale Kongres en wie haadjurist foar de spoarmaatskippij Union Pacific Railroad. Dêropta wied er yn 1879 belutsen by de opsjochjaande rjochtsaak Standing Bear v. Crook.

Libben en karriêre

Poppleton waard yn 1830 berne yn 'e Feriene Steaten. Hy learde foar abbekaat en wie ien fan pioniers fan út 'e iere skiednis fan 'e stêd Omaha, yn wat letter de Amerikaanske steat Nebraska wurde soe. As ien fan 'e oprjochters fan 'e Omaha Claim Club wied er oant kop en earen behelle yn 'e oplizzing fan 'e regels fan dy organisaasje yn 'e stêd. Doe't dêrtsjin in rjochtsaak oanspand waard, fertsjintwurdige hy de Club as jurist. Dêrby moast er úteinlik syn saak sels foar it Amerikaansk Gerjochtshôf bepleitsje, mar dêr waard yn it neidiel fan 'e Club beslist.

Neitiid tsjinne Poppleton fan 1854 oant 1855 en jitris fan 1857 oant 1858 as lid fan it Territoriaal Kongres fan Nebraska. Troch omstannichheden naam er dêrby yn 1857 sels eefkes it amt fan foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen fan Nebraska waar. Letter wied er fan maart oant septimber 1858 de twadde boargemaster fan Omaha. Nei't er syn politike karriêre beëinige hie, wie Poppleton yn Omaha aktyf as in ynfloedryk ûndernimmer yn ûnreplik guod, en sette er dêr in eigen abbekatekantoar op.

Poppleton wurke jierrenlang as de haadjurist fan 'e spoarmaatskippij Union Pacific Railroad. Syn wichtichste rjochtsaak wie it opsjochjaande Standing Bear v. Crook, út 1879, dy't it Ponka-opperhaad Steande Bear oanspande tsjin de Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal George Crook. De Ponka wiene nammentlik yn 1877 út harren heitelân yn noardeastlik Nebraska wei deportearre nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dêr't se ûnder strieminne omstannichheden libje moasten wylst in trêdepart fan 'e stamme oan malaria en ûnderfieding omkaam. Doe't Steande Bear mei 65 folgelingen weromkearde nei Nebraska, waarden se yn opdracht fan it Amerikaanske regear oppakt troch Crook. Dyselde hie mei de Yndianen te dwaan, en soarge derfoar dat de sjoernalist Thomas Tibbles harren ferhaal buorkundich makke.

Dêrop beaen Poppleton en syn kollega John L. Webster oan om fergees as abbekaat foar Steande Bear-en-dy op te treden. Nei harren pleit die rjochter Elmer S. Dundy yn maaie 1879 de útspraak dat Yndianen (oars as oant dy tiid oannommen waard) wol deeglik as 'persoanen' ûnder de Amerikaanske wet beskôge wurde moasten, en dat se dus net sûnder juridyske ûnderbouwing yn 'e hechten set wurde koene. Doe't er jierren letter, ûnderwilens blyn en yn 'e minnichte rekke, op syn libben weromblikte, sei Poppleton oer syn slotargumint yn 'e saak Standing Bear v. Crook: "Ik kin my gjin twa oeren wurk út myn libben tebinnenbringe, dêr't ik mei mear tefredenheid op weromsjoch." Poppleton kaam yn 1896 yn Omaha te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 66 jier. Hy waard begroeven op it Prospect Hill Cemetery. Nei him binne yn Omaha in strjitte ferneamd (Poppleton Street) en in stedsblok (it Poppleton Block), dat opnommen is yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.