Andrea Mitscherlich | ||
sporter | ||
Andrea Mitscherlich (1985) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andrea Ehrig-Mitscherlich | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 1 desimber 1960 | |
berteplak | Dresden | |
lingte | 1.65 m | |
gewicht | 58 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Innsbruck, 1976, Lake Placid 1980 Sarajevo 1984, Calgary 1988 | |
debút | 1976 | |
karriêre-ein | 1988 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1984, 1984 5x sulver Olympyske Spullen 1976, 1984, 1988 1x brûns Olympyske Spullen 1988, 2x goud WK Allround 1983, 1985 4x sulver WK Allround 1982, 1984, 1986, 1987 |
Andrea Ehrig-Mitscherlich (Dresden, 1 desimber 1960) is in earder Dútsk reedrydster. Wilens har karriêre kaam se út foar it doetiidske East-Dútslân. Se is ek wol bekend ûnder har troude nammen Andrea Schöne, en Andrea Ehrig.
As 15 jierrige wûn Mitscherlich op de Olympyske Winterspelen 1976 yn Innsbruck har earste medalje: sulver op de 3 km.
Yn 1982 waard se twadde op it WK allround, in jier letter, yn 1983, waard se sawol Europeesk- as Wrâldkampioen allround, yn 1985 helle se dizze dûbeldslach op 'en nij. Wêrnei't se yn 1986, 1987 en 1988 allinne noch Europeesk kampioen waard. By de WK's fan 1982, 1984, 1986 en 1987 einige se as twadde yn it klassemint, hieltyd efter har lângenoate Karin Enke.
Op de Olympyske Winterspullen 1988 yn it Kanadeeske Calgary fûn Mitscherlich de Nederlânske Yvonne van Gennip op har wei. Efter Van Gennip waard se twadde op de 3 en 5 km, en tredde op de 1500 meter. Fuort nei dizze Winterspullen beëinige se har reedriid karriêre.
Persoanlike rekords
Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
500 meter | 40,71 | 22 febrewaris 1988 | Olympic Oval, Calgary |
1000 meter | 1.19,32 | 26 febrewaris 1988 | Olympic Oval, Calgary |
1500 meter | 2.01,00 | 22 maart 1986 | Medeo, Alma-Ata |
3 km | 4.12,09 | 23 febrewaris 1988 | Olympic Oval, Calgary |
5 km | 7.17,12 | 28 febrewaris 1988 | Olympic Oval, Calgary |
Resultaten
jier | EK Allround |
WK Allround |
WK Sprint |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|---|
1976 | 1500 m, 10e 3 km, | |||
1980 | 1500 m, 6e 3 km, 4e | |||
1982 | 6e | |||
1983 | 6e | |||
1984 | 1000 m, 1500 m, 3 km, | |||
1985 | 4e | |||
1986 | 6e | |||
1987 | 4e | |||
1988 | 6e | 500 m, 10e 1000 m, 4e 1500 m, 3 km, 5 km, |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|