De Andes is in grutte langhalige rige bergen bylâns de westkant fan Súd-Amearika. It berchtme is likernôch 7.000 km lang, is op guon plakken 160 km breed en hat in hichte fan trochstrings 4.000 meter. De rige bergen rint foar it grutste part parallel oan de kust mei de Grutte Oseaan.
De Andes rint troch sân Súd-Amerikaanske lannen: Argentynje, Sily, Bolivia, Perû, Ekwador, Kolombia en Fenezuela. De Andes krúst de evener en rint súdoan troch oant Fjoerlân. De Skotiarêch, mei ûnder oare Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen binne foar it grutstepart ûnderseeske fuortsettings fan it geberchte. Dy fuortsetting ferbynt de Andes yn in grutte bôge mei it Antarktysk skiereilân in Antarktika.
- De Andes tusken Sily en Argentynje
- Cono de Arita, Salta (Argentynje)
- Antizana, Ecuador
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.