De Andamanen is in eilannegroep yn de Yndyske Oseaan, yn de Golf fan Bengalen tusken Yndia yn it westen en Birma (no Myanmar) yn it noarden en easten. De measte fan de 204 eilannen binne part fan de Andamanen en Nikobaren, unyterritoarium fan Yndia, mar in stik as wat yn it noarden fan de arsjipel heare by Birma. De eilannen boppe de 10e breedtegraad binne de Andamanen, de eilannen dêrûnder de Nikobaren.
De eilannekloft hat slim te lijen hân fan de floedweach op 2e krystdei 2004; der wurdt tocht dat it tal minsken fan de ferskate lânseigen stammen ôfgryslik sakke is.
Neffens de folkstelling fan 2001 hienen de Andamanen 314.084 ynwenners, foar it meastepart Yndiaaske ymport. De oarspronklike bewenners fan de Andamanen hjitte Andamanezen, it is in sammelnamme foar de Grut-Andamanezen, de Jarawa, de Onge en de Sentinelezen. De folken wurde mei útstjerren bedrige.
Eilannen
De arsjipel bestiet út fiif grutte eilannen:
- Noard-Andaman
- Midden-Andaman
- Súd-Andaman
- Baratang
- Rutland Eilân
Lânseigen befolking
Der binne twa stammen fan de Andamanen dy’t altyd kontakt mei de bûtenwrâld mijd hawwe.
De Sentinelezen wolle oant de dei fan hjoed gjin kontakt en wize dat faak mei geweld ôf. Sy wenje op Noard Sentinel, in lyts en efterôf lizzend eilân bewesten Súd Andaman. Har oantal wurdt rûsd op sa’n 250. Op grûn fan ferkenning mei in helikopter wurdt tocht dat it tal minsken op dit eilân nei de tsûnamy fan 2004 net folle feroare is.
Der wurdt tocht dat de Sentinelezen al sa’n 60.000 jier op har eilân tahâlde. Harren taal ferskilt opfallend fan de oare talen op de Andamanen, dat it liket derop dat sy tûzenen jierren isolearre libbe hawwe. Sadwaande wurde sy beskôge as it meast isolearre folk fan de wrâld en dat kin noch lang sa bliuwe omdat Yndia besletten hat net langer te besykjen om kontakt mei harren te meitsjen.[1]
In oare Andamanese stamme, de Jarawa, libje op de grutte eilannen fan de arsjipel. Sy wiisden ek alle kontakt mei Yndjers en Europeanen ôf, mar sûnt de oanlis fan in dyk troch harren gebiet yn 1997, komme guonts somtiids troch honger dreaun út de bosken wei om te biddeljen foar iten. It tal Jarawa wurdt rûsd op 300 persoanen.
Keppelings om utens
- Andaman District (offisjeel webstee)
- Andaman Association, Lonely Islands
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|