Anagber is in monumintale filla oan de Badwei op Skiermûntseach.
Skiednis
Anagber waard yn 1917 boud as filla Josanna oan de bûlevaar fan Skiermûntseach. Opdrachtjouwer wie de Grinzer bankdirekteur jhr. O.B. van Vierssen Trip. Troch ôfslach oan de noardkant fan it eilân waard de bûlevaar troch de Noardsee ferswolge. Om de filla Josanna, en ek de tichteby lizzende filla Opduin, te behâlden waard it hûs ôfbrutsen en op 'en nij opboud. Sûnt 1920 stiet de wente besuden de Badwei en Opduin (sûnt 1922) benoarden de Badwei.[1] Yn 1947 feroare de wente fan eigener; hy joech it hûs syn nije namme, Anagber, nei de earste wurdlidden fan de nammen fan syn dochters. Yn 1978 waard it hûs restaurearre.
De wenning is erkend as in ryksmonumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.