Amstel Gold Race
De Amstel Gold Race yn Berch en Terblijt
De Amstel Gold Race yn Berch en Terblijt
holden ynFalkenburch oan de Geul
datatredde wykein fan april
sporthurdfytsen
organisatorStichting Amstel Gold Race
earste edysje1966
Temaside  Sport

De Amstel Gold Race is de ienichste fytsklassiker fan Nederlân dy't opnommen is yn de protour fan it hurdfytsen.

It begjin

De Amsterdammer Herman Krot, dy't al sûnt 1960 warber wie yn it organisearjen fan kriteriums, wie de oprjochter fan de Amstel Gold Race. Krott woe neist dizze kriteriums ek in hurdfytswedstryd dy't gie fan Amsterdam oant it heuveleftige gea fan Limboarch. De namme is ûntstien neidat bierbrouwer Amstel him oanmelde as sponsor. Krot woe graach dat de start plakfine soe fan Amsterdam ôf, mar spitigernôch wie dat net mooglik fanwege de ekstra drokte mei Keninginnedei. Uteinlik is der start út Breda wei.

De earste kear dat dizze wedstryd riden waard, wie op 30 april 1966. De rûte gie fan Breda oant Mearssen oer in parkoers mei in lingte fan 302 km. De Frânsman Jean Stablinski kaam doe as earste oer de finish, dêrnei de Belch Bernard van den Kerckhove en de Nederlanner Jan Hugens.

Feroaringen

Letter is it parkoers ferskate kearen feroare. Sa is it startplak ferlein fan Breda nei Helmond (fan '67 oant '70) en doe nei Heerlen te ferpleatsen. Fan 1998 ôf is de start yn Maastricht. Ek de oankomstplakken binne yn ‘e rin fan tiid feskate kearen feroare, mar sûnt 2003 is de Kauberch yn Falkenboarch it plak fan oankomst. Njonken de Kauberch binne der in ferskate heuvels opnommen yn it parkoer. De meast ferneamde binne de Keutenberch, Eijserboskwei en de Krúsberch. Yn 2001 waard de earste Amstel Gold Race foar de froulju feriden mar nei trije edysjes ferdwûn de wedstriid foar froulju oant 2017 wer fan de kalinder. Fanôf 2017 stiet de wedstriid foar froulju fêst op de kalinder mar al mei minder heuvels en in koartere ôfstân as de Amstel Gold Race foar manlju.

Winners by de manlju

Mearfâldige winners

  • flagge fan Nederlân Jan Raas: 5 kear
  • flagge fan Belgje Philippe Gilbert: 4 kear
  • flagge fan Belgje Eddy Merckx: 2 kear
  • flagge fan Nederlân Gerrie Kneteman: 2 kear
  • flagge fan Switserlân   Rolf Järman: 2 kear
  • flagge fan Poalen Michał Kwiatkowski: 2 kear
  • flagge fan Itaalje Enrico Gasparotto: 2 kear

Winners by de froulju

  • 2023 - flagge fan Nederlân Demi Vollering
  • 2022 - flagge fan Itaalje Marta Cavalli
  • 2021 - flagge fan Nederlân Marianne Vos
  • 2019 - flagge fan Poalen Katarzyna Niewiadoma
  • 2018 - flagge fan Nederlân Chantal Blaak
  • 2017 - flagge fan Nederlân Anna van der Breggen
  • 2003 - flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Nicole Cooke
  • 2002 - flagge fan Nederlân Leontien Zijlaard-van Moorsel
  • 2001 - flagge fan Nederlân Debby Mansveld


Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.