Amnesty (fan it Grykske ἀμνηστία, amnestia, "ferjiteftichheid") is de kwytskelding fan skuld, ferliend troch de oerheid oan in persoan of in groep of klasse fan persoanen dy't al feroardiele is/binne foar in misdriuw of dêr noch foar berjochte wurde moatte. Meastal giet it by in offisjele foarm fan amnesty om lju dy't har skuldich makke hawwe oan politike misdriuwen (bgl. ferrie of dielname oan in opstân).

In amnesty is mear as graasje, mei't graasje inkeld de bestraffing stilleit, wylst in amnesty eltse wetlike oantins oan it misdriuw útwisket. Dus mei oare wurden: immen dy't ûnder graasje falt, wurdt net bestraft foar in misdriuw dêr't hy of sy skuldich oan is, mar immen dy't amnesty krigen hat, kriget net allinnich gjin straf, mar hat foar de wet nea wat misdien.

In amnesty wurdt op in beskaat mêd soms absolút ôfkundige, mar meastal wurde der ferskate spesifikaasjes oan tafoege, dy't faak guon lju fan 'e amnesty útslute. In goed foarbyld dêrfan wurdt foarme troch it âldste bekende gefal fan amnesty, dat generaal Trasybulus yn 403 f.Kr. ôfkundige doe't yn it âlde Atene fannijs de demokrasy ynfierd wie, nei de ôfsetting fan 'e diktatoriale Oligargy fan de Tritich. By dy amnesty waard nammentlik spesifyk oanjûn dat de tritich tirannen sels (en ferskate oaren) fan 'e regeling útsletten wiene.

Foarbylden

In pear ferneamde gefallen fan amnesty wiene:

  • de amnesty dy't yn 1660 yn Ingelân, Skotlân en Ierlân ôfkundige waard nei de Restauraasje fan it Hûs Stuart, foar lju dy't offisjele funksjes beklaaid hiene ûnder de Ingelske Republyk (hjirfan wiene útsletten dyjingen dy't in rol spile hiene by de eksekúsje fan kening Karel I yn 1649);
  • de amnesty dy't yn 1747 yn Grut-Brittanje ôfkundige waard foar de dielnimmers oan 'e Jakobityske Opstân fan 1745 (hjirfan wiene útsletten de leden fan it ferballe Hûs Stuart en ferskate hege jakobiten dy't krektlyk yn ballingskip libben);
  • de amnesty dy't yn 1815 troch de Frânske keizer Napoleon ôfkundige waard ûnder syn Hûndert Dagen, nei syn weromkear út ballingskip op Elba (hjirfan wiene útsletten de minister fan Bûtenlânske Saken Talleyrand en tolve oare foaroansteande persoanen);
  • de amnesty dy't yn 1867 ôfkundige waard troch keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk foar de dielnimmers oan 'e Hongaarske Opstân fan 1848;
  • de amnesty dy't nei de Amerikaanske Boargeroarloch troch presidint Andrew Johnson ôfkundige waard foar al dyjingen dy't oan 'e kant fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika fochten hiene;
  • de Immigration Reform and Control Act fan 1986, wêrmei't de Amerikaanske presidint Ronald Reagan amnesty joech oan sa'n 3 miljoen yllegalen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.