Amilyn Holdo
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksefroulik
soarte personaazjeminske (Gatalentaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtmilitêr, diplomate
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Leia Organa
Larma D'Acy
Poe Dameron
Kaydel Ko Connix
geastlike heitRian Johnson
ûntstean2017

Fise-admiraal Amilyn Holdo is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yntrodusearre yn 'e roman Star Wars: Leia, Princess of Alderaan (2017), fan Claudia Gray, mar waard betocht troch regisseur Rian Johnson foar de datselde jiers útkommen film Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, it middelste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Holdo is in wat eksintrike ofsier en diplomate en in lieder fan it Ferset yn 'e striid tsjin 'e Earste Oarder. De rol fan Holdo waard yn 'e film fertolke troch aktrise Laura Dern.

Fiktive biografy

Yn Leia, Princess of Alderaan

Amilyn Holdo wurdt yntrodusearre yn 'e roman Star Wars: Leia, Princess of Alderaan, fan Claudia Gray (2017) as in teenage-studinte op 'e planeet Coruscant, dêr't se befreone rekket mei de like âlde prinsesse Leia Organa. Troch de jierren hinne hâlde de beide froulju harren freonskip oan. As Leia har by it Rebelleferbûn jout, dat yn 'e Galaktyske Boargeroarloch striidt tsjin it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, helpt Holdo har by ferskate misjes, yn it bysûnder om feilich it planetestelsel Paucris te berikken sadat se de rebellen warskôgje kin foar in oanfal dy't op hannen is fan 'e Keizerlike float. Holdo komt ek foar yn in stikmannich stripferhalen út 'e Star Wars Adventures-rige.

Ofskildering

Yn sawol de roman as de stripferhalen wurdt Holdo ôfskildere as wat in aparteling, dy't lykwols tige yntelligint en kompetint is. Hja wurdt gauris ûnderskat omreden fan har eksintrisiteiten. Sa is Holdo tige goed thús yn 'e spirituele praktiken fan har thúswrâld Gatalenta, lykas astrology en 'himelfarren', in soarte fan meditaasje. Fierders sprekt se gauris yn riedsels en nuvere metafoaren. En ek hat se in opfallend uterlik, mei't se har hier yn eksoatyske kleuren fervet, flamboyante klean draacht en ornaris bleatfoets giet. Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), it twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, komt in Holdo foar by wa't de eksintrisiteiten wat bedimme binne, om't regisseur Rian Johnson har oarspronklike ferzje wat té apart fûn. Dy feroaring kaam him nei de premiêre fan 'e film op krityk te stean.

Yn The Last Jedi

Yn 'e film ûntsnapt de float fan it Ferset nei de hyperromte as de ûntromming fan 'e fersetsbasis op 'e planeet D'Qar fersteurd wurdt troch de oankomst fan in float fan 'e Earste Oarder ûnder lieding fan generaal Hux. Neitiid waant it Ferset him feilich, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele wêrmei't skippen sels troch de hyperromte hinne folge wurde kinne. In heale minút nei't de fersetsfloat op in hiel oar plak de reële romte wer ynkomt, arrivearret dêr ek de float fan 'e Earste Oarder, dy't daliks de oanfal wer ynset. Yn 'e striid wurdt de brêge fan 'e kruser Raddus, it flaggeskip fan it Ferset, rekke troch in foltreffer fan in TIE-jager. Alle oanwêzigen, wêrûnder de hiele lieding fan it Ferset, wurde de romte yn blaasd as alle lucht út 'e brêge nei bûten ta ûntsnapt. Dêrby komme admiraal Ackbar en de oare fersetslieders om, en inkeld generaal Leia Organa wit troch manipulaasje fan de Krêft te oerlibjen, hoewol't se slim ferwûne rekket.

Mei Leia bewusteleas yn 'e sikeboech en de oare lieders dea nimt fise-admiraal Holdo, de befelfierend ofsier fan kruser Ninka, it befel oer it Ferset oer. It is foar eltsenien dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne lykwols flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in efterfolging mei in legere faasje as dy fan it ljocht, dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch de branje hinne is.

Fan it begjin ôf oan bestiet der wantrouwen en spanning tusken Holdo en har ûnderhearrige, kaptein Poe Dameron, mei't sy him neat oer har plannen fertelle wol. Dat liedt derta dat Dameron en luitenant Kaydel Ko Connix, dy't it mei him hâldt, harren stipe jouwe oan in riskante misje fan âld-stoarmtroeper Finn, monteur Rose Tico en de robot BB-8 om it apparaat wêrmei't de Earste Oarder it Ferset troch de hyperromte folgje kin, te sabotearjen. Holdo wurdt opsetlik bûten dat plan holden.

Hieltyd mear skippen fan 'e fersetsfloat komme sûnder brânstof te sitten en moatte efterlitten wurde, wylst de bemannings oerbrocht wurde nei de Raddus. Tsjin 'e tiid dat de Raddus it iennichst oerbleaune skip fan 'e float is, risselwearret Holdo om alle opfarrenden yn lytse transportskippen fuort te stjoeren. Dameron fynt dat plan lef en nutteleas, mei't de transportskippen warleas wêze sille foar de kanonnen fan 'e Earste Oarder. Mei luitenant Connix en oare meistanners komt er dêrom yn opstân, set Holdo en har meistanners finzen en nimt it befel oer de kruser oer. Holdo, har ûnderbefelhawwer, kaptein-luitenant Larma D'Acy, en de oare ofsieren witte lykwols los te brekken, wêrnei't Dameron en Connix har op 'e brêge ferskânzje. Se hawwe harren hope fêstigje op it wolslagjen fan 'e misje fan Finn en Rose, mar dy mislearret jammerdearlik as dy beide en de troch harren ynhierde koadebrekker DJ oan board fan it fijannige flaggeskip trappearre en finzen nommen wurde troch kaptein Phasma.

As de doarren fan 'e brêge fan 'e Raddus iepenbrutsen wurde, is it Leia Organa dy't dertroch komt en Dameron mei in op ferdôvingsstân sette ploffer bewusteleas sjit. De evakuaasje fan it skip giet dêrnei wer troch. As er wer bykomt, leit Leia oan Dameron út dat se no deunby de planeet Crait binne, dêr't noch in âlde basis is út 'e tiid fan it Rebelleferbûn, mear as tritich jier lyn. De transportskippen sille, troch kamûflaazje ûnsichtber foar de efterfolgjende stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, de leden fan it Ferset nei Crait oerbringe. Underwilens sil de float fan 'e Earste Oarder moai efter de Raddus oan gean as de kruser de planeet foarby fljocht. Dameron moat tajaan dat dat eins bêst in goed plan is. Der moat lykwols al immen oan board fan 'e Raddus bliuwe om 'e Earste Oarder mei te lokjen, wat in selsmoardmisje is. It is Holdo dy't dy taak op har nimt.

It plan fan it Ferset mislearret lykwols as oan board fan it fijannige flaggeskip DJ syn frijheid keapet troch generaal Hux op 'e transportskippen fan it Ferset opmerksum te meitsjen. Dêrop iepenet de Earste Oarder it fjoer op 'e transportskippen, dy't ien foar ien ferneatige wurde. As Holdo sjocht dat de Earste Oarder op it punt stiet om it Ferset út te rûgjen, keart se har kruser om en offeret har eigen libben op troch nei de hyperromte springen dwers troch de float fan 'e Earste Oarder hinne. It komt derop del dat se de fijannige float raamt mei de faasje fan it ljocht. It reuseftige fijannige flaggeskip giet dêrby troch de helte, wylst de stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder hielendal nei gychem geane. Dêrtroch slagget it de oerlibjende fersetsleden om te ûntkommen nei Crait.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.