Ambrosius Holbein
keunstner
Portret fan Ambrosius en Hans troch harren heit Hans Holbein de Alde
Portret fan Ambrosius en Hans troch harren heit Hans Holbein de Alde
persoanlike bysûnderheden
berneom 1494
berteplakFrije ryksstêd Augsburg
stoarnom 1519 (24-25 jier)
stjerplakBazel
etnisiteitDútsk
wurkpaad
wurksum asSkilder, yllustrator
perioadeGotyk-renêssânse
offisjele webside
n.f.t.

Ambrosius Holbein (Augsburg, om 1494 – Bazel, om 1519) wie in Dútsk keunstskilder, graveur en boekyllustrator. Hy wurke yn de oergongsperioade fan de gotyk nei de renêssânse. Hy wie in soan fan Hans Holbein de Alde en de âldere broer fan Hans Holbein de Jonge.

Ambrosius Holbein krige syn oplieding, lyk as syn broer, fan syn heit yn Augsburg. Hy festige him mei syn broer yn Bazel, dêr't er yn 1517 ynskreaun waard al lid fan it pleatslik skildersgilde. Hy skildere portretten, religieuze tafrelen en fresko's en makke houtfiken foar boekyllustraasjes.

Holbein stoar jong yn Bazel foar't syn talint ta fol waaksdom komme koe.

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.