Anna fan Nassau-Dietz
Anna mei har mem en broer 1725

Anna Charlotte Amalie fan Nassau-Dietz (Ljouwert, 13 of 23 oktober 1710 - Durlach, 18 septimber 1777) wie de dochter fan Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz en Marije Louise fan Hessen-Kassel.

Amalie groeide op yn Fryslân en prate ûnder oare Frysk. Nei har houlik ferhuze hja nei Durlach.

Houlik en bern

Amalie troude yn 1727 mei Frederik fan Baden-Durlach (1703-1732). Ut dit houlik kamen de neikommende bern:

  • Karel Freark (1728-1811)
  • Willem Loadewyk (1732-1788)

Har man ferstoar koart nei de berte fan harren twadde bern. Dêrnei krige de prinsesse in groanyske senuwsykte.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.