Alzey
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringAlzey-Worms
Stedsyndieling5 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal19.082 (2021)
Oerflak35,22 km²
Befolkingsticht.542 ynw./km²
Hichte194 m.
Oar
Postkoade55232
Koördinaten49° 45' N 8° 6' E
Offisjele webside
www.alzey.de
Kaart
Alzey (Rynlân-Palts)
Alzey

Alzey is in plak yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is de Kreisstadt fan de lânkring Alzey-Worms.

Geografy

Alzey leit westlik fan de Ryndelte yn in heuveleftich gebiet dat de namme Alzeyer Hügelland hat. Troch de stêd rint it rivierke de Selz, dat op de Ryn útmûnet.

It besjen wurdich (karút)

  • It slot fan Alzey datearret út de twadde helte fan de 12e iuw, mar waard yn 1689 foar in part ferneatige. Yn de jierren 1901-1903 folge in weropbou yn histoaryske foarmen.
  • De resten fan de stedsmuorren fan Alzey binne foar in part yn gebouwen yntegrearre en datearje út ferskate boufazen.
  • It riedshûs (1586) oan de Fischmarkt heart ta de rykste renêssânse riedshûzen fan Rheinhessen.
  • De protestantske St. Nikolaus is in letgoatyske trijeskippige hallentsjerke út de 15e iuw. De spits fan de toer waard yn 1905-1906 neffens in ûntwerp fan Karl Krauß út Darmstadt boud.
  • Yn it eardere hospitaal oan de Antoniterstraße is tsjintwurdich it museum ûnderbrocht. It renêssânse gebou mei in toer datearret út 1540.
  • De letbarokke Kleine Kirche yn de Amtgasse is de eardere lutherske parochytsjerke.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.