De Alvestêdetocht op de Fyts is in fytstocht fan likernôch 254 km., dy't alle jierrren trocht de Stifting de Fryske Alvestêde-fytstocht op Pinkstermoandei holden wurdt.
Skiednis
De tocht is al yn 1912 foar it earst holden. De hjoeddeiske organisaasje is begûn yn 1947, mei doe twa wedstriden en in toertocht. Nei 1958 is dêrfan lykwols allinnich de toertocht oerbleaun om't de kosten fan de wedstriden doedestiids te heech wienen. De tocht is sûnt 1947 in pear kear net trochgien yn 2001 , omreden fan de tongblier en yn 2020 en 2021 gie de tocht net troch as gefolch fan de koroanafirus. Yn 2010 is de âlde rûte sa feroare dat de fytspaden oanslute by it fytsknooppuntnetwerk yn de provinsje.
Rûte
De tocht wurdt riden as in 8 fan Boalsert út. De rûte is net alle jierren krekt itselde, mar is likernôch:
- Boalsert - Skettens - Wytmarsum - Arum - Kimswert - Harns (19 km)
- Harns - Hjerbeam - Frjentsjer (8 km)
- Frjentsjer - Doanjum - Tsjummearum - Minnertsgea - Sint Jabik - Sint Anne - Froubuorren - Alde Leie - Hallum - Marrum - Ferwert - Blije - Holwert - Hantum - de Lytse Jouwer - Dokkum (53 km)
- Dokkum - Sibrandahûs - Burdaard - Bartlehiem - Wyns - Miedum - Lekkum - Ljouwert (28 km)
- Ljouwert - Dronryp - Baaium - Winsum - Spannum - Kûbaard - Hichtum - Boalsert (32 km)
- Boalsert - Nijlân - Ysbrechtum - Snits (10 km)
- Snits - Drylts (4 km)
- Drylts - Jutryp - De Hommerts - Spannenburch - Tsjerkgaast - Sleat (18 km)
- Sleat - Wikel - Balk - Kippenburch - Aldemardum - Murns - Laaksum - Starum (33 km)
- Starum - Molkwar - Hylpen (13 km)
- Hylpen - Warkum (10 km)
- Warkum - Parregea - Boalsert (12 km)
Dielnimmers
Der kinne net mear as 15.000 minsken yn de tocht meiride, De dielnimmers wurde fan 5 oere ôf yn 24 groepen fan 625 fytsen mei hieltiid 8 minuten der tusken op paad stjoerd.
Der is al jierren in oerynskriuwing fan de tocht, de lêste jierren is it tal ynskriuwings likernôch 16.000. Oan de start leit it oantal dochs leger as 15.000. Nei gedachten moat in part fan de oerynskriuwings ûntstean troch minsken dy't faker ynskriuwe, foar bygelyks in bettere kâns op in ier begjin. It is lykwols net dúdlik hoe grut it tal fan minsken dy't meidwaan wolle al is.
Oare fytstochten
- Njonken de Alvestêdetocht organisearret de stifting ek de Mini 11, in tocht op Pinkstersneon oer 40 km yn de omkriten fan Boalsert.
- Fan Snits út wurdt de Alvestêde Fytsfjouwerdaagse organisearre.
- De Stifting Fryske Alvestêdetocht foar Beropshurdfytsers hat in tal kearen in al as net selsstannige wedstryd de âlve stêden bylâns organissearre.
- De ANWB hat in toeristyske Alvestêdefytsrûte útset.
- Fytsers mei in elektrysk motorke op 'e fyts kinne ek (op ien dei) de Alvestêderûte dwaan. Ferdield oer de hiele rûte stean 25 oplaadpunten.
Sjoch ek
Ferwizing
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fietselfstedentocht fan Wikimedia Commons. |