Alvestêdehal
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adresFryslânplein 1
koördinaten53°12′12″ N 5°46′19″ E
bysûnderheden
type bouwurksporthal
subtypekeunstiisbaan (oerdutsen)
boujier2015
oare ynformaasje
lingte400 m (iisbaan)
kosten€ 22 miljoen
offisjele webside
www.elfstedenhal.frl
kaart
Alvestêdehal (Ljouwert)
Alvestêdehal

De Alvestêdehal (Nederlânsk en offisjeel: Elfstedenhal) is in sportkompleks en oerdutsen keunstiisbaan yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Neffens de eigen webside kin men der dwaan oan hurdriden, iishokky, shorttrack, keunstriden, prikslydzjen en curling. It wichtichste ûnderdiel is in 400-meterbaan foar hurdriden, dy't de namme Atsje Keulen-Deelstra-baan krigen hat. Dit is de twadde 400-meterbaan yn Fryslân, njonken dy fan Thialf op it Hearrenfean.

Skiednis

De Alvestêdehal is de opfolger fan 'e Iishal Ljouwert, dy't yn 2015 sletten en sloopt wurde moast om't de kuolfloeistof dy't dêr brûkt waard, fan dat jier ôf ferbean wurde soe. Op 31 oktober 2013 besleat de gemeenteried fan Ljouwert definityf dat de nije keunstiisbaan der komme soe. Dêrby soe de 220-meterbaan fan 'e Iishal Ljouwert ferfongen wurde troch in 400-meterbaan yn it nije kompleks, dy't gaadlik is foar it organisearjen fan ynternasjonale reedrydwedstriden.

De kosten fan 'e nije iisbaan bedroegen €22 miljoen, wêrfan't de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert elts de helte betellen. Op 22 maart 2015 gie de Iishal Ljouwert foargoed ticht. De nije Alvestêdehal waard op 26 septimber fan dat jier oplevere en gie op 30 septimber iepen. Fan 4 oant 6 maart 2016 waard yn 'e Alvestêdehal it offisjeuze WK Allround foar masters ferriden.

Op 30 septimber 2016, persiis in jier nei de yngebrûkname, waard de 400-meterbaan formeel omneamd ta de 'Atsje Keulen-Deelstra-baan', sadat in âld ûnthjit dat de gemeente Ljouwert yn 1974 oan 'e yn 2013 ferstoarne hurdrydster Atsje Keulen-Deelstra dien hie, einlings en te'n lêsten neikommen waard.

Keppelings om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.