Alvechurch | ||
Tudor Rose Fish Bar, Alvechurch | ||
Polityk | ||
Lân | Ingelân | |
Greefskip | Worcestershire | |
Regio | West Midlands | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.316 | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+0) |
Alvechurch is in plak en civil parish yn it distrikt Bromsgrove, yn it Ingelsk greefskip Worcestershire mei sa'n 5.316 ynwenners. De tichtstby lizzende grutte stêd is Birmingham, sa'n 17 km nei it noarden.
Skiednis
Alvechurch betsjut "tsjerke fan Aelfgiva, dy't faaks in sibbe fan kening Atelstan west hat. Kening Offa fan Mercia skonk it lân foar it stichtsjen fan it kerspel oan de pleatslike tsjerke yn de lette 8e iuw. It kerspel wurdt al neamd yn it Domesday Book. Yn de 13e iuw liet de Biskop fan Worcester syn paleis yn it doarp sette, kaam der in wykmerk en in jiermerk.
It biskoplik paleis waard yn de 17e iuw ôfbrutsen; alles wat der fan oerbleau is in part fan de grêft en in taksis dy't yn de tún fan it paleis stie.
Fan de 19e iuw oant mids 20e iuw wie der in stienfabryk yn it buorskip Withybed oan de râne fan it doarp en der hat in fabryk foar sikers en nullen west. Dellowauto's waarden tusken 1949 en 1956 yn Alvechurch makke.
Berne yn Alvechurch
- Fay Weldon, skriuwster.
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alvechurch fan Wikimedia Commons. |