In alumnus is in ôfstudearre, âld-studint(e) fan in universiteit of hegeskoalle. It wurd komt út it Latyn en bestjut learling of fiedsterling.

Eartiids yn Fryslân

Om genôch predikanten te hawwen stipen de Steaten fan Fryslân studinten bytiden. De Fryske alumnus moast ek de Fryske tsjerke tsjinje. Sa koe der Johannes Bogerman út Inkhuzen nei Ljouwert helle wurde. It oantal alumny korrespondearre mei it ferlet oan predikanten. Yn de 18e iuw wienen ûnder oaren Everwinus Wassenbergh, Annaus Ypey en Hans Willem Cornelis Anne Visser alumnus.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. e.o. Encyclopedie van Friesland, 1958. Alumnus
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.