Altfryd
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAltfrid
berne ?
berteplak ?
stoarn22 april 849
stjerplakMúnster (Dútslân)
etnisiteit Dútsk
wurk
taalLatyn
sjenrehilligelibben
bekendste
  wurk(en)
Vita Sancti Liudgeri
offisjele webside
n.f.t.

Altfryd (oarspronklik meast skreaun as "Altfrid", letter omstavere ta "Altfried"; † 22 april 849) wie in Midsiuwsk Dútsk biskop, abt en tsjerklieder, al is syn oantins benammen libben bleaun as skriuwer fan in hilligelibben oer syn foargonger en famyljelid Liudger. Syn namme betsjut "eale beskermer" of mooglik "elvefoarst".

Libben

Altfryd gie al ier yn it kleaster en klom mei gauwens op yn 'e hierargy fan 'e Tsjerke. Nei de dea fan foargonger Gerfryd waard er yn 839 beneamd ta de trêde biskop fan Múnster, wat er oan syn dea, tsien jier letter, ta bleau. Itselde jiers waard er ek beneamd ta de fyfde abt fan 'e kleasters Werden en Helmstedt, dêr't ûnder syn bewâld de saneamde Grêfkelder fan 'e Liudgeriden ree kaam. Dêryn waard er sels nei syn dea, yn 849, ek byset.

Krekt as Gerfryd, dat in omkesizzer fan Liudger wie, wie ek Altfryd famylje fan 'e legindaryske Fryske sindeling en earste biskop fan Múnster, nei alle gedachten in neef. Syn grutste duorjende bekendheid krige Altfryd trochdat er it earste en meast histoarysk betroubere hilligelibben oer Liudger skreau, de Vita Sancti Liudgeri. Dat geskrift is ien fan 'e krappe skiedkundige boarnen oer de Friezen yn 'e Iere Midsiuwen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Halbertsma, H., Frieslands Oudheid: Het Rijk van de Friese Koningen, Utert, 2000, s. 92.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.