Altenahr
flagge wapen
Nog geen vlag
polityk
soarte gebietFerbânsgemeente
lân Dútslân
bûnslân Rynlân-Palts
haadplakAltenahr
tal Ortsgemeinden12
kentekenAW
Ferbandschlüssel07 1 31 5002
sifers
ynwennertal10.182 (2021)
oerflak153,71 km²
befolkingstichtens66 ynw./km²
oar
stifting1968
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten50° 31' N 6° 59' E
websidewww.altenahr.de

De Verbandsgemeinde Altenahr is in bestjoersgebiet yn it sintrum fan 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It haadplak fan de gemeente is Altenahr.

Skiednis

It gemeenteferbân ûntstie yn 1968 yn it ramt fan bestjoerlike feroarings en in weryndieling yn Rynlân-Palts út it eardere Amt Altenahr, dat yn dy foarm sûnt 1936 bestien hie. Der fûn yn 1974 in útwreiding plak mei de Ortsgemeinde Kalenborn (dat earder yn 'e ferbânsgemeente Ringen lei). Dêrnei hawwe der noch ferskillende korreksjes west troch wat lytse plakjes by omlizzende plakken yn te dielen.

Gemeenteyndieling

De gemeente is te ferdielen yn 12 Ortsgemeinden:

Ortsgemeinde Oerflak (km²) Ynwennertal (2021)
Ahrbrück 12,56 1.076
Altenahr 14,84 1.592
Berg 19,05 1.294
Dernau 5,72 1.390
Heckenbach 27,34 233
Hönningen 10,02 1.050
Kalenborn 4,33 677
Kesseling 31,17 604
Kirchsahr 6,10 350
Lind 12,35 570
Mayschoß 5,66 822
Rech 4,69 524
Ferbânsgemeente Altenahr  153,82 10.182
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.